Eilân by Grou wiken sûnder pont: brânwacht kin net mear komme

De pont nei it eilân De Burd by Grou kin de kommende seis wiken net farre. Minsken dy't op it eilân wenje, kinne dêrtroch net mear mei de auto op de fêstewâl komme. Helptsjinsten ha der ek lêst fan.
© Omrop Fryslân
Der is wol in alternative pont, mar dy is in stik lytser. Dêr kinne gjin auto's op. En mei dampwaar mei it boatsje net farre.
"Voor noodgevallen hebben we een bootje bij de buren neergelegd, zodat mijn man daarmee naar de overkant kan varen, als het mistig is", seit José van Bekkum, dy't op it eilân wennet.
De grutte pont wurdt út de feart naam, omdat de ynstekhavens fernijd wurde moatte. As de pont no oan de wâl leit, leit er noch foar in part yn it drokke Prinses Margrietkanaal, en dat soe te gefaarlik wêze.
Omdat der gjin oar plak is dêr't de pont feilich oanlizze kin, wurdt der in lytsere pont ynset salang't it wurk oan de kades duorret.
Sûnder pont kinne der ek gjin brânwachtauto's of ambulânses op it eilân komme. Dêrom is der no al in brânwachtwein oerfearn, dy't seis wiken op it eilân bliuwt.
Sjoch nei de reportaazje:
Boadskipje op de fyts wurdt ek noch wol in put, seit Van Bekkum. "We gaan preppen. Voor zes weken halen we de dingen binnen die houdbaar zijn. Ik heb dat nog iet gedaan, maar dat lijkt me verstandig. En de kleinere boodschappen neemt mijn man vast wel mee als hij van zijn werk thuis komt."
It is de bedoeling dat it wurk healweis desimber klear is. Mei min waar soe it langer duorje kinne.