Rotte parrebeammen moatte mear dúdlikheid jaan oer Waadsee

Undersikers wolle keunstriffen fan hout meitsje yn ûndjippe geulen tusken Flylân en Teksel. Doel is om dêrmei mear te witten te kommen oer de ûnderwetternatuer en de fisk.
It is in wrâldprimeur, en sa sjocht dat der út:
De fjouwer keunstriffen yn it Eierlandse Gat wurde fyftjin oant tweintich kante meter grut. It gebiet dêr't se komme, is sletten foar de fiskerij. De riffen binne makke fan parrehout. Dat hout kin fuortrotsje en de hoop is dat dêrnei de struktuer sels langer oerein bliuwt omdat skulpdieren harren oan it hout hechtsje.

Slyk en sân

It is in ferfolch op in eksperimint fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) op Teksel. Dêrby hawwe sechstich koaien mei dêryn ferskillende hurde ûndergrûnen oardel jier yn it Waad lein om te sjen hokfoar libben dêrop ûntstiet en wat it slyk en sân dêrmei mei docht.
It ûnderwetterlibben docht it der goed op, seit NIOZ-ûndersiker Sterre Witte. "We zien dat zo'n harde ondergrond echt een verrijking is van de Waddenzee omdat je naast de soorten die in het zand leven ook soorten vindt die zich op zo'n harde ondergrond hechten of daar bescherming tussen zoeken."
"Ik had het er met een collega over", seit Witte, "en die zei dat ze normaal gesproken op het droogvallende Wad zo'n honderd soorten vinden in de hele Waddenzee. En wij hebben op onze zestig kooien ruim 150 soorten gevonden. Dus we vinden veel meer soorten dan je normaal gesproken op het droogvallend Wad vindt."

Noch noait earder sjoen

Ofrûne wike binne der koaien ophelle fan it Eierlandse Gat. Dat diel fan it eksperimint is no foarby. By dit ûndersyk seagen de ûndersikers betiden libben foarbykommen dat sy noch net earder sjoen hawwe.
Ofrûne tongersdeitemiddei ûntstie der op it achterdek fan it ûndersyksskip Navicula suver in hoera-stimming by de ûndersikers.
"Daar vonden we een worm die zich in het hout boort. Die hebben wij nog nooit eerder gezien. Zo hebben we afgelopen week ook een mooie zeenaaktslak gezien die ik ook nog nooit had gezien. Dat zijn bijzondere dingen. Dat is heel leuk!"
Undersiker Sterre Witte en technysk koördinator Sander Holthuijzen sjogge dat der in bulte sân yn dizze koai bedarre is © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Tusken de tûken fan de beammen dy't mei-elkoar it rif meitsje, kinne lytse fiskjes goed skûlje. En dat lûkt wer gruttere fisken oan dy't dy graach opfrette.
Sa kin in keunstrif mei alles wat derop libbet in saneamde 'hotspot' wurde fan bioferskaat yn see. Mar dat is allegearre noch mar ôfwachtsjen. It is in eksperimint en it is wittenskip. En dat lêste betsjut datst der ek wat fan leare kinst as it net wurket.