Femke Kok rekket nasjonale titel op 500 meter kwyt oan Leerdam

Femke Kok is har nasjonale titel op de 500 meter sneontemiddei kwytrekke oan Jutta Leerdam. De reedrydster fan Nij Beets waard op it NK ôfstannen yn Thialf twadde. It brûns wie foar Michelle de Jong fan Rottum.
Kok gie it toernoai yn mei lichte klachten oan de ljisk. Nei har earste 500 meter yn 37,75 skodholle de de Friezinne, mar dat wie wol genôch foar de twadde tiid. Allinnich Leerdam wie yn in nij kampioenskipsrekôr fan 37,58 flugger. Michelle de Jong kaam mei 37,77 krekt efter Kok.

Twadde rit

Op de twadde 500 meter krige Kok de kâns om yn in direkt duel de santjin hûndertsten goed te meitsjen op Leerdam. Mei de iepening pakte Kok wat tiid op har grutte konkurrinte, mar it rûntsje fan Leerdam wie folle better. Sy kaam dan ek as earste oer de streek yn in nij kampioenskipsrekôr fan 37,49. Kok ried 37,62.
In rit earder hie Michelle de Jong it brûns al feilichsteld mei 37,90. Dêrmei wie se krekt as Kok wis fan in ticket foar de earste fjouwer wrâldbekers. Marrit Fledderus fan Sint-Nyk ried har as nûmer fjouwer nei de wrâldbekers.

Utslach 500 meter froulju

Rydster Earste 500 meter Twadde 500 meter Puntetotaal
1. Jutta Leerdam 37,58 (KR) 37,49 (KR) 75.070
2. Femke Kok 37,75 37,62 75.370
3. Michelle de Jong 37,77 37,90 75.670
4. Marrit Fledderus 37,90 (PR) 37,96 75.860
5. Dione Voskamp 37,89 38,11 76.000
13. Letitia de Jong 38,43 38,73 77.160
16. Jildou Hoekstra 38,79 (PR) 38,91 77.770
17. Myrthe de Boer 38,82 (PR) 39,09 77.910
19. Anna Boersma 39,17 (PR) 39,39 78.560
23. Helga Drost 38,24 (PR) 1.13,97 112.210

Wer sukses foar Antoinette

Nei har titel op de 1.500 meter op freed pakte Antoinette de Jong sneontemiddei it sulver op de 3.000 meter. De Rottumse die dat yn in tiid fan 4.00,83. Dêrmei kaam se net yn de buert fan winneres Irene Schouten.
De rydster fan it team fan coach Jillert Anema ried mei 3.54,59 in nij baanrekôr op Thialf. It brûns gie yn 4.02,16 nei Carlijn Achtereekte.
Antoinette de Jong pakte har twadde medalje fan it toernoai:

Beslissing op 5.000 meter

De oerstap fan Reina Anema nei Team Jumbo-Visma docht oant no ta noch gjin fertuten. De reedrydster fan De Gordyk wie ferline jier noch goed foar sulver op dizze ôfstân, mar einige no as achtste.
Op snein hat se lykwols noch wol kâns op in wrâldbekerticket te pakken foar de 3.000 meter. Dêrfoar moat se by de earste twa einigje op de 5.000 meter. As har dat slagget soe dat te'n koste gean fan it wrâldbekerticket fan Ireen Wüst fan It Hearrenfean, dy't as fiifde einige op de 3.000 meter.

Utslach 3.000 meter froulju

1. Irene Schouten 3.54,59 (BR) (PR)
2. Antoinette de Jong 4.00,83
3. Carlijn Achtereekte 4.02,16
4. Joy Beune 4.02,71
5. Ireen Wüst 4.03,01
8. Reina Anema 4.04,45
17. Kim Talsma 4.13,49 (PR)

Byrol foar Friezen op 1.500 meter

Op de 1.500 meter is Marwin Talsma der net yn slagge in wrâldbekerticket te bemachtigjen. De reedrider fan Grou stelde op it NK ôfstannen teloar mei in achttjinde plak yn in tiid fan 1.48,18.
Marwin Talsma yn aksje op it NK ôfstannen © Orange Pictures
De 19-jierrige Gert Wierda fan Burdaard die it in hiel stik better as Talsma. Hy hie mei in nij persoanlik rekôr fan 1.46,38 lange tiid de rapste tiid. Dêrmei waard er úteinlik njoggende.
De titel op de 1.500 meter gie yn in tiid fan 1.44,27 nei Thomas Krol. It sulver wie mei 1.44,53 foar Kjeld Nuis en it brûns gie nei Chris Huizinga yn 1.45,27.
Tjerk de Boer fan Weidum (14e yn 1.47,13), Jur Veenje fan Garyp (20e yn 1.48,49) en Rinze-Bart de Glee fan Rottum (23e yn 1.52,72) diene net mei om de prizen.

Utslach 1.500 meter

1. Thomas Krol 1.44,27
2. Kjeld Nuis 1.44,53
3. Chris Huizinga 1.45,27
4. Patrick Roest 1.45,34
5. Jan Blokhuijsen 1.45,37
9. Gert Wierda 1.46,38 (PR)
14. Tjerk de Boer 1.47,13
18. Marwin Talsma 1.48,18
20. Jur Veenje 1.48,49
23. Rinze-Bart de Glee 1.52,72