Bekerwedstriid UNIS Flyers tsjin Geleen skrast om coronafirus

De iishockeywedstriid fan de UNIS Flyers tsjin Snackpoint Eaters Limburg-Geleen giet net troch, omdat der ien of mear besmettingen mei it coronafirus fêststeld binne by de seleksje fan Geleen.
© Orange Pictures
It hie de beslissende wedstriid wêze kind yn de heale finale fan de bekerkompetysje. Dy heale finale wurdt spile yn in 'best-of-three'-searje. UNIS Flyers wûn freedtejûn yn Geleen mei 2-1 nei penaltys.
It is noch net dúdlik wannear't de wedstriid ynhelle wurdt.