Team Twente wint sinne-enerzjyrace Solar Challenge yn Marokko

It Solar Team Twente, mei dêryn de Friezen Remco Hoen en Oebele Lijzenga, hat de Solar Challenge yn Marokko wûn. It team prestearre earder yn de wike ek al poerbêst. Nei fjouwer wedstriiddagen stie Twente boppeoan. Freed wie de lêste dei fan de wedstriid en die bliken dat it Team Twente earste wurden is yn it klassemint.
It winnende Team Twente © Jerome Wassenaar
It team Top Dutch Solar Racing mei ûnder mear studinten fan ROC Friese Poort waard fjirde.

Troch de Sahara

Sûnt ôfrûne wike snein moasten de auto's eltse dei 500 kilometer ôflizze. De rûte gie ûnder mear troch de Sahara en it Atlasgebergte. Fierder moasten de teams rekken hâlde mei stigingspersintaazjes oant 12 prosint en rûtes oer hobbelige diken. Gewoanwei is de Solar Challenge yn Australië, mar yn ferbân mei it coronafirus wie de race dit jier yn Marokko.