Friezinne Fenna Kalma fermoarzelet Feanfroulju mei fjouwer goals

De froulju fan sc Hearrenfean hawwe op besite by FC Twente mei grutte sifers ferlern. Op Sportcampus Diekman yn Enschede waard it mar leafst 8-0. Fenna Kalma fan Haskerhoarne skoarde fjouwer kear foar de thúsploech.
© Orange Pictures
By it skoft stie der troch twa doelpunten fan Renate Jansen en twa doelpunten fan Kalma al in net te oerbrêgjen 4-0 efterstân op it skoareboerd. Dat waard yn de twadde helte allinnich noch mar slimmer, want Kalma wie noch net útskoard.
De Friezinne fûn noch twa kear it net en ek Jansen makke har hattrick kompleet. De lêste en achtste treffer fan de jûn kaam op namme fan âld-Hearrenfeanspylster Danique Ypema.
Mei seis punten út sân wedstriden stiet Hearrenfean op it ien-nei-lêste plak yn de earedivyzje.

Sealfuotbal

Yn de earedivyzje sealfuotbal hiene de froulju fan Drachtster Boys freedtejûn mear sukses. Op besite by Drs. Vijfje wiene se mei 2-1 te sterk. Dêrmei bliuwt de Drachtster ploech noch sûnder ferlies dit seizoen.
Libertas út Damwâld ferlear wol. Op besite by Den Haag waard it 3-2.