Felle reaksjes op 'Rede fan Fryslân' fan rabbyn Benima: "Rint troch famyljes"

In dei nei 'de rede fan Fryslân' is boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert noch altiten emosjoneel oer wat hy hearde yn it provinsjehûs. De Joadske rabbyn Tamarah Benima hold dêr de jierlikse Rede fan Fryslân en makke in ferliking tusken it coronabelied en it nazirezjym yn de jierren '30.
Rabbyn Tamarah Benima © Provinsje Fryslân
De rabbyn makke ûnder oare in fergeliking mei hoe't it nazirezjym yn de jierren '30 Joaden oanwiisde as gefaar foar de mienskip en de wize wêrop't Nederlân neffens har omgiet mei minsken dy't net faksinearre binne tsjin corona. Dizze groep wurdt neffens har troch minister De Jonge ek fuortset as in gefaar foar de mienskip.

'Net ienfâldich'

"Ik fûn it 'stuitend', dizze ferliking fan ús demokratyske regear" seit Sybrand Buma, boargemaster en foarsitter fan de Veiligheidsregio. Earder reagearre hy al hurd op de taspraak, mar Benima lei dat út as it ferdigenjen fan syn âld-kollega's yn Den Haag.

Troch famyljes

"We sjogge ek yn Den Haag hoe dreech it is om yn dizze tiid, dy ûnwis, is om meiïnoar de bêste besluten te nimmen. Der wurde flaters makke, altiten, mar om te sizzen dit oerhinget nei it nazi-rezjym: ik fyn it ferskriklik", seit Buma. "Dizze diskusje rint troch famyljes."
Buma:
Kommissaris fan de Kening Arno Brok stiet in dei letter noch altiten efter it útnûgjen fan Benima. De provinsje woe graach in prikeljend ferhaal wêrby't de Fryske mienskip in spegel foarholden wurdt, lit hy witte.
"Dit is net de tekst fan in bestjoerder", seit Arno Brok. "Ik wie wol bliid mei de opmerking fan de boargemaster fan de haadstêd, mei syn yntervinsje", seit er. "Dêrtroch kaam in boeiende diskusje."

Frijheid

"It soe redenearjen wêze fan út 'ús eigen bubbel wei: jo meie wol wat sizze, mar wol wat wy wolle. Dat kin fansels net. Ek doe't der earder praat is oer it klimaat, oer sirkulêre ekonomy en oer lânbou, hat de sprekker de frijheid om poadium te pakken. Dy frijheid hat rabbyn Benima ek."
Arno Brok oer de Rede fan Fryslân