Nijbou houthannel Noardburgum begûn: "It negative wer omdraaid"

29 okt 2021 - 07:57

It is hast in healjier lyn: de enoarme brân by Van der Wal Hout yn Noardburgum. De grutte loads fan de houthannel en de wenning fan de eigeners brânden yn koarte tiid folslein ôf. Yntusken rinne de saken wer by Van der Wal en is hy begûn mei de nijbou fan de loads.

Nijbou houthannel Noardburgum begûn

"It giet no eins wer hiel goed", fertelt Lieuwe van der Wal, mei syn frou Akkelien eigener fan it bedriuw. "Wy binne wer hielendal dwaande en posityf. It hat negatyf west, mar dat is wer hielendal omdraaid."

Lieuwe en Akkelien van der Wal fertelle hoe't it no giet

De ôfrûne moannen gie de hannel sa goed as mooglik troch by Van der Wal. Mei tydlike stellingen en in grutte tinte kinne de klanten noch hieltyd holpen wurde troch de wurknimmers.

"Dat wie ek ús earste eask; dat de jonges oanbliuwe koene", seit Akkelien van der Wal. "Dat wy mei-inoar de toko wer opbouwe soene. Wy seine: wy dogge it mei syn allen."

Monumint

De famylje krige in soad stipe fan minsken út de regio. Mei in crowdfundingsaksje waard hast 100.000 euro ophelle. Dat jild wurdt brûkt foar de weropbou.

Om de minsken te betankjen foar harren stipe, wolle de eigeners in monumint oanlizze. "Wy ha hjir noch in deade beam stean; dêr komt aansten in monumint. Foaral om elkenien te betankjen foar alles."

Hjir komt aansten de nije loads. - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

De kommende moannen wurdt trochboud oan de nije loads. As it goed is, is it gebou ein desimber foar it grutste part klear. Healweis maart wolle Lieuwe en Akkelien van der Wal alles wer klear hawwe.

Eigeners Lieuwe en Akkelien van der Wal. - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)