Marit Bouwmeester yn ferwachting; op koers foar Olympyske Spelen

Sylster Marit Bouwmeester is yn ferwachting. It 33-jierrige sportikoan fan Warten makke it poppenijs op Instagram bekend. "Baby incoming! Diederick en ik zijn super blij en dankbaar", skriuwt sy.
Marit Bouwmeester © ANP
Om't sy in poppe ferwachtet, docht Bouwmeester ein novimber net mei oan it WK yn de Laser Radial-klasse.
Bouwmeester is yn maaie útrekkene. "Als alles goed mag blijven gaan, is de timing perfect voor mijn 'road to' de Olympische Spelen van Parijs", lit Bouwmeester witte op har account. Sy wûn earder al sulver op de Olympyske Spelen fan 2012, goud yn 2016 en brûns yn 2021.
© @maritbouwmeester (Instagram)