Cambuur sjocht alwer foarút nei folgjende wedstriid nei ienfâldige bekeroerwinning

Cambuurtrainer Henk de Jong is bliid mei it berikken fan de folgjende ronde fan de KNVB beker. Fuort nei't Cambuur de amateurs fan Ajax útskeakele hie, seach De Jong alwer foarút nei de folgjende wedstriid, snein út tsjin RKC Waalwijk.
© Orange Pictures
"It hat gjin momint dreech west", seit De Jong oer de bekerwedstriid fan tongersdeitejûn. "It waard 5-0, mar we hienen der noch wol mear úthelje kind."

Oare basisspilers

By Cambuur krigen Maxim Gullit, Roberts Uldrikis en Filip Krastev in kâns yn de basis. "Dy jonges moasten wenne oan ús wize fan spyljen, mar dat hinderet neat."
Henk de Jong: "No giet it om snein":
Snein tsjin RKC sil De Jong lykwols nei alle gedachten it fertroude basisteam opstelle: "Wy moatte knalle en it giet om fêstichheden. It giet wol om de pingels. We hawwe in belangrike pot snein."

Maxim Gullit: "Het is aan de trainer"

Ferdigener Maxim Gullit makke tsjin Ajax syn debút yn de basis. "Ik ben heel blij dat ik minuten heb mogen maken", seit Gullit. "We zijn gekomen om door te gaan naar de volgende ronde en dat is gelukt."
Maxim Gullit: "Doe maar een goede tegenstander in de volgende ronde":
Gullit hopet fluch mear minuten te krijen: "Het is nog steeds aan de trainer en als ik de kans krijg, dan ga ik mijn best doen."
Foar de folgjende bekerronde hat Gullit wol in foarkar: "Ik zou wel een goede tegenstander willen treffen. Dat we die er gelijk uit kunnen halen. Dat maakt het voor de volgende ronde wat makkelijker."