Aris wint nei dreech begjin fan The Hague Royals

De basketballers fan Aris hawwe ek de útwedstriid tsjin The Hague Royals wûn. Nettsjinsteande in muoisum begjin waard it 62-73.
© Orange Pictures
Aris begûn bêst goed oan de wedstriid en stie al fluch acht punten foar (5-13). Noch yn de earste perioade draaide Den Haag it lykwols om. Nei it earste kwart wie it 24-17. Yn it twadde kwart makke Aris it ferskil lytser. By it skoft stie Aris noch mar ien punt efter (36-35) en dus hie Aris noch alles om foar te spyljen.

Aris is wekker

Yn it tredde kwart hie Aris it duel hielendal ûnder kontrôle. Aris skoarde 14 punten op rige, wylst Den Haag der net ien makke (36-49). Oan it ein fan it tredde kwart hie Aris in romme foarsprong: 41-56.
Aris koe Den Haag yn it lêste kwart op ôfstân hâlde. Lytser as njoggen punten waard it ferskil nea. Oan it ein fan de wedstriid stie der in einstân fan 62-73 op it skoareboerd.

Brock topskoarer

George Brock makke tsjin Den Haag de measte punten (21). Ar'mond Davis wie goed foar 17 punten.