Cambuur pleatst him sûnder problemen foar twadde ronde beker nei oerwinning op Ajax amateurs

SC Cambuur hat him frij ienfâldich pleatst foar de twadde ronde fan de KNVB beker. Yn Amsterdam wienen de Ljouwerters mei 0-5 te sterk foar de amateurs fan Ajax.
© Orange Pictures
By Cambuur mochten Maxim Gullit, Filip Krastev en Roberts Uldrikis yn de basis begjinne. De oare Cambuurspilers hawwe gewoanwei ek in basisplak.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (75' Van der Meer), Mac-Intosch, Schouten, Gullit; Jacobs (75' Hendriks), Hoedemakers (45' Ter Heide), Krastev; Sambissa (45' Doodeman), Uldrikis en Kallon (45' Kiss).
Nei goed tweintich minuten makke Cambuur de earste goal. Krastev krige de bal wat lokkich mei en fia Ajax-ferdigener Xamm Flemming gie syn skot yn de goal. Efkes letter koe de Bulgaar wer jubelje. Nei in mislearre skot kopte hy de bal mei in bôchje yn it doel.
Yn de 38ste minút waard it 0-3. Uldrikis kopte de bal troch nei in hoekskop en by de twadde peal koe Erik Schouten de bal ienfâldich deryn tikje.
Uldrikis kopt de bal troch wêrnei't Schouten (bûten byld) de bal deryn rint © Orange Pictures
Nei it skoft makke Ajax wer in eigen doelpunt. Dizze kear ferrifele Stefan Smal syn eigen keeper: 0-4. In kertier foar it ein fan de wedstriid makke Nick Doodeman der mei in knappe stift 0-5 fan. Dêrnei waard der net mear skoard.