Fryske skoalbern moatte troch 'Luchtfietsers' stim krije by klimaattop

28 okt 2021 - 17:21

In groep fan sa'n tritich klimaataktivisten sil fan snein ôf yn fiif dagen fan Amsterdam nei de klimaattop yn Glasgow fytse. De aktivisten 'fjochtsje' tsjin de kjeld, rein en de Skotse heechlannen om wrâldlieders sjen te litten dat it neffens harren oars kin en moat. Dêrby wolle se ek Fryske skoalbern in stim jaan.

Luchtfietsers helje klimaatboadskippen op yn Sint-Jabik:

Twa fan De Luchtfietsers, want sa neame se harren groep, giene tongersdeitemiddei del by basisskoalle De Twiner yn Sint-Jabik. Dêr krigen se fan de bern fan groep 5, 6, 7 en 8 tekeningen mei harren klimaatboadskippen oerlange.

"Er gebeuren nu al verschrikkelijke dingen met het klimaat. Wij dromen van een andere toekomst. We zijn benieuwd hoe de kinderen daarover denken. Daarom halen we hier hun klimaatboodschap op", seit studinte en Luchtfietser Ellis Mourits fan Ljouwert.

Waarme trui

De bern tinke bygelyks oan it stimulearjen fan ride yn elektryske auto's en it djoerder meitsjen fan it fleanen, mar ek oare praktyske dingen. "Een warme trui aandoen als je het koud hebt", seit learling Keano Nieland.

De boadskippen fan de bern wurde meinaam nei Glasgow om se ûnder de oandacht te bringen fan de wrâldlieders. "We hopen dat we ze aan iemand kunnen geven, maar daar zijn we nog mee bezig", seit Mourits.

"Wij proberen als Luchtfietsers te kijken waar we beweging kunnen creëren. Het staat voor plannen maken en dromen. Misschien war irreëel, maar wij denken: je moet groot denken om de problemen van nu op te lossen."

Fiif dagen

De fytstocht begjint snein fan De Dam yn Amsterdam ôf. De earste etappe is nei IJmuiden en fan dêr ôf pakke se de boat nei Newcastle. De tocht giet dêrnei yn fjouwer etappes fan likernôch tachtich kilometer de dei nei Glasgow.

Underweis wolle de Luchtfietsers prate mei de lokale befolking oer de klimaatkrisis en mooglike lokale oplossingen. Op 6 novimber slute se harren oan by it 'fytsersblok' by de massale demonstraasje op de Global Day of Action.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw wie by De Twiner

(Advertinsje)
(Advertinsje)