Morgan moast keunstkes dwaan, Henk Bleker: "Dit had echt niet gemoeten"

De Waadorka Morgan mocht ferhúzje nei Tenerife as se inkeld foar de wittenskip en edukaasje brûkt wurde soe. It waard keunstjes dwaan yn in show. "Dit had echt niet gemoeten", seit âld-steatssekretaris Henk Bleker tsjin de makkers fan it tv-programma Zembla.
Orka Morgan yn Loro Parque yn Puerta de la Cruz, Tenerife Spanje © ANP
Bleker hat foarôfgeand oan it transport fan de orka gjin ûndersyk dien nei it attraksjepark yn Spanje dêr't it dier hinne gean soe. "Ik ging ervan uit dat het goed zat. Maar dit soort shows, dat had echt niet gemoeten", seit er. De ôfspraak wie dat Morgan inkeld foar edukaasje en wittenskiplik ûndersyk brûkt wurde soe.
Daar bedoelde ik dus geen shows mee.
Ald-steatssekrataris Henk Bleker oer wat der mei Morgan barre moast
It tv-programa Zembla giet tongersdei oer dizze saak. Zembla 'De verloren orka' is tongersdeitejûn op NPO2 te sjen. Njonken Bleker komt ek beliedmeiwurker Folchert van Dijken oan it wurd. Sy hawwe destiids de betingsten opsteld op grûn wêrfan't Morgan ferhúzje mocht nei it park op it Kanaryske eilân Tenerife. Yn de fergunning stiet meardere kearen dat de orka inkeld foar wittenskiplik ûndersyk en foar edukative doelen brûkt wurde mocht. "Daar bedoelde ik dus geen shows mee", seit Bleker no, tsien jier letter.

Ferdwaald

De wyfkes-orka waard yn 2010 úthongere en sa meager as baarnhout fûn yn de Waadsee by Lauwerseach. Nei alle gedachten hat it bist by Skotlân 'in ferkearde ôfslach naam'. Yn de oardel jier yn it Dolfinarium yn Hurderwyk kaam se wer op gewicht.

Free Morgan

Der brekt in striid los tusken de oerheid, it dolfinarium en diere-aktivisten yn Nederlân en dêrbûten. De rop om Morgan wer frij te litten yn de natuer waard hieltyd grutter, mar dat soe ûnferantwurde wêze, want se soe dôf wêze. Har famylje koe ek net trasearre wurde kinne en dêrom moast se nei soartgenoaten yn in bistepark. Ein 2011 waard Morgan fan Skiphol oerbrocht nei Tenerife.

Eigen show

Al gau nei oankomst yn it park dêr waard Morgan traind om keunstkes te dwaan. Sûnt dy tiid hat se jierrenlang in eigen show. Dat hat nea de bedoeling west. It Dolfinarium yn Hurderwyk fersekere it ministearje der yndertiid fan dat it nije ûnderkommen fan Morgan allinnich wittenskiplik ûndersyk útfiere soe by it bist. "Ik heb van tevoren geen onderzoek gedaan naar Loro Parque. Ik ging ervan uit dat het goed zat. Maar dit soort shows, dat had echt niet gemoeten", seit âld-steatssekretaris Bleker.