Waadferiening hat goede hoop dat gaswinning ûnder it Waad noch keard wurde kin

28 okt 2021 - 15:49

Op fersyk fan de Twadde Keamer binne der yn de ôfrûne tiid twa rapporten skreaun oer de mooglikheid foar gaswinning ûnder de Waadsee. Wat sizze dy no? En hoe ferhâlde dy har mei de enerzjykrisis en de nijste klimaatfoarsizzingen?

Wat betsjutte de rapporten foar de gaswinning by Ternaard?:

Wylst demisjonêr minister Stef Blok earder oanjoech dat hy in fergunning foar nije gaswinning ûnder de Waadsee net wegerje kin, sizze twa ûndersiken no oars. Op fersyk fan de Twadde Keamer binne der twa rapporten skreaun.

As de ien wegeret, moat de oar ek

De earste fan de Waddenacademie konkludearre dat demisjonêr minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer gjin tastimming foar de gaswinning jaan mocht, om't net fêststiet dat it gjin skea feroarsaket. It twadde ûndersyk is dien troch Rijksuniversiteit Groningen. De wichtichste útkomst dêrfan is dat wannear't de iene minister gjin fergunning jaan kin, de oare minister ek wegerje moat.

Frank Petersen fan de Waadferiening

Neffens de Waadferiening is dat goed nijs foar de Waadsee. Frank Petersen fan de Waadferiening leit út dat it twadde rapport juridysk sjoen hat nei wat der neffens de Mynbouwet wol en net mocht en hoe't dat him ta de Natuerbeskermingswet ferhâldt. Just dy twadde wet, dêr hat Blok neffens Petersen net om tocht.

'Beleidsafweging'

Petersen merkt op dat minister Blok altyd sei dat hy in 'beleidsafweging' meitsje moast. "Kennelijk vond hij het winnen, verkopen en leveren van aardgas belangrijker dan het beschermen van de unieke natuur van de Waddenzee." Mar no docht neffens Petersen bliken dat Blok dy beliedsfrijheid hielendal net hie.

Frank Petersen fan de Waadferiening (argyfbyld) - Foto: Omrop Fryslân

"Onze inschatting is dat politieke partijen nu stevig genoeg staan om dit als Tweede Kamer te willen verbieden", sa skat Petersen yn. "En dat ze dus ook in een motie aan de regering opdracht kunnen geven om niet door te gaan met deze heilloze weg van nog meer aardgaswinning."

Hege gasprizen

De enerzjyprizen binne dit jier flink oprûn. Dat komt min út, want it regear hat besletten de gaskraan yn Grinslân ticht te draaien. De gasprizen fleane nei rekôrhichten. Je soene je ôffreegje kinne oft Nederlân it gas net goed brûke kin.

Earder sei in Fryske ûndersiker fan it HCSS (The Hague Centre for Strategic Studies) dat it brûken fan gas út de Waadsee te maklik ôfsketten wurdt. Neffens him is it fjild by Ternaard frij grut en de hoemannichte gas dat it opsmyt, kin goed brûkt wurde, sa stelt hy.

Foto: ANP

Petersen fan de Waadferiening sjocht dat lykwols oars. "Het gas dat nu nog onder de Waddenzee zit, zal geen enkele invloed hebben op de prijsstijgingen die er nu zijn. Want mocht de winning ooit door kunnen gaan, dan is dat gas pas over een jaar of zeven beschikbaar voor consumenten en industrie. Dus voor dit acute probleem is het Waddenzeegas geen oplossing."

KNMI-klimaatrapport

Ut in oar rapport hat moandei bliken dien dat de gefolgen fan klimaatferoaring slimmer binne as tocht. It KNMI hat de foarsizzingen nei boppen bysteld. Der wurdt no bygelyks 1,2 oant 2 meter oan seespegelstiging ferwachte.

Gaswinning by It Amelân - Foto: ANP

De Waadferiening hopet dat dit rapport in ekstra triuw yn de rêch is. Petersen: "We weten van minister Blok dat hij zich graag laat leiden door onafhankelijke, feitelijke rapporten. Het KNMI-rapport is nogmaals een bevestiging waarom je niet moet beginnen met nieuwe aardgaswinning omdat je weet dat de zeespiegel vele malen meer zou kunnen stijgen als je nog meer fossiele brandstoffen gaat gebruiken."

Ferkeap fan Waadgasfjild

Tiisdei waard dúdlik dat de NAM lytse gasfjilden op lân en see kwyt wol om't der te min groeimooglikheden binne. Sa ek gasfjilden ûnder de Waadsee. De NAM wol de gasfjilden no ferpartsje yn fjouwer gebieten, dy't as aparte bv's te keap oanbean wurde. Wat dit krekt betsjutte sil foar de gaswinplannen yn de Waadsee is noch net bekend.

Dit brocht in nije fraach by de Waadferiening nei boppen. "Wat nu als een rijke Saoedische prins of Canadese cowboy de Waddenzeevelden van de NAM overkoopt?", sa't Petersen it seit. Oan de iene kant kinne je dêr benaud foar wêze, jout hy oan. "Maar tegelijkertijd denken wij ook dat zij zouden weten dat de Waddenzee UNESCO werelderfgoed is. Als je een goede zakenman bent, dan moet je je goed achter je hoofd krabben als je investeert in het beschadigen van dat erfgoed."

(Advertinsje)
(Advertinsje)