Coronasifers rinne wer op: 299 nije besmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 299 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 47 mear as woansdei. Doe waarden 252 coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 230 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 217, in wike lyn op 160.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Hearrenfean. Der binne twa nije pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 7717. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 6273.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.