HEA! It miljeu fan de Mekels

28 okt 2021 - 14:24

Jaap en Dorien Mekel út Ravenswâld dogge der alles oan om it miljeu safolle mooglik te sparjen. Se libje fan eigen griente en fruit, wenje enerzjysunich en jouwe de bisten om hûs hinne alle romte. Yn de kompostbult by de grientetún komme bygelyks hiel wat aaien fan ringslangen út. Jaap besiket sa min mooglik te dûsen en dêrmei waarm wetter te ferbrûken. Yn stee dêrfan nimt er geregeld in dûk yn de swimfiver foar hûs.

Op syn 23ste besleat Jaap sa te libjen sa't er no libbet:

Trefwurden: 
Hea! Ravenswâld Jaap Mekel
(Advertinsje)
(Advertinsje)