Johnny Jansen: "Heerenveen maakte het zichzelf ongelofelijk lastig"

28 okt 2021 - 12:19

It wie foar sc Hearrenfean woansdei noch in poepetoer om te winnen fan de amateurs fan AFC. Uteinlik wûn de klup wol mei 2-1. Mar neffens trainer Johnny Jansen hat de klup it himsels 'ongelofelijk lastig' makke.

Trainer Johnny Jansen:

De trainer fan sc Hearrenfean is net tefreden oer de wedstriid. "De doelstelling van bekervoetbal is dat je verder komt. Zeker in de eerste helft was het tempo te laag, we verplaatsten niet snel genoeg de bal en we waren slordig in onze voortzetting. Daardoor maken we het onszelf ongelooflijk lastig."

'Slordig'

It spul wie neffens Jansen net op oarder. "Als je het volhoudt en het tempo toch nog kunt verhogen, dan ga je absoluut je mogelijkheden krijgen, maar als je te slordig bent, dan ga je het gewoon lastig krijgen, want ze maken het heel compact: er zijn heel veel mensen rondom de zestien en dat maakt het gewoon heel lastig om er doorheen te voetballen."

En dochs, jout de trainer oan: "Het belangrijkste is: we zijn door." Hearrenfean giet troch nei de twadde ronde fan de KNVB beker.

Henk Veerman:

Oanfaller Henk Veerman hie it spul fan AFC net ferwachte. "AFC verraste door heel erg goed te voetballen en heel erg vooruit te voetballen. Daardoor hadden we het best wel moeilijk."

De fuotballer stie wer yn de basis. Nei de minne start foar Hearrenfean slagge hy der yn om in lykmakker foarinoar te krijen.

AFC die it goed

Veerman wol wat dat oanbelanget ek in komplimint oan AFC meitsje. "Zij deden het goed met veel snelheid en gevoel voor ruimtes. Wij hadden creativiteit nodig in hele kleine ruimtes en daar ontbrak het wel aan, al kregen we nog wel wat kansjes."

(Advertinsje)
(Advertinsje)