Noed oer IC's: reguliere soarch wer oppakt, mar wol grypseizoen ferwachte

It Acute Zorgnetwerk Noord Nederland hat noed oer de druk op de intensive cares. Neffens it RIVM sil it tal corona- en grypgefallen wer flink tanimme yn de winter. Ek wurde der wer mear pasjinten út oare regio's oernaam.
It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Sûnt in wike ferdielt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding wer coronapasjinten oer it lân. Yn ferliking mei eardere coronaweagen giet it wol om minder covid-pasjinten yn de noardlike sikehuzen. Mar in ferskil is wol dat de reguliere soarch wer foar in grut part oppakt is, wylst dat doe net sa wie.

Gjin byspringers fan oare ôfdielingen

Dêrtroch binne der minder IC-ferpleechkundigen beskikber. It tekoart komt ek mei troch in heech syktefersom. Boppedat sprongen by de eardere coronaweagen ferpleechkundigen fan oare ôfdielingen by op de intensive care. Mar dat kin no net.

Mear gryppasjinten ferwachte

Trochdat de gryp yn de ôfrûne winter foar in grut part fuort bleaun is, hawwe minsken no minder wjerstân tsjin de gryp. Dêrtroch kin it tal gryppasjinten yn de sikehuzen wer flink tanimme. Op dit stuit is de situaasje yn Noard-Nederlân 'behearskber', seit it Acute Zorgnetwerk. Mar de druk bliuwt heech.
Lanlik lizze der no 859 pasjinten yn de sikehuzen, trije wiken lyn wiene dat der noch 469. Der lizze 200 pasjinten op de IC's yn Nederlân.