Noch gjin beslút oer Brûsplak op De Jouwer, mar dát it der komt is wis

28 okt 2021 - 08:36

In oardiel oer de lokaasje fan in nij Brûsplak foar ferieningen op De Jouwer is der woansdei net fallen yn de gemeenteried. Mar der is neffens Tjitske Stegenga as ien fan de inisjatyfnimmers wol in grutte stap foarút set.

Sporthal De Stuit op De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Ik bin net negatyf stimd", seit Stegenga. "De gemeenteried fynt mei de moasje dy't der dellein is dat der in Brûsplak komme moat en der is ek tasein dat der jild reservearre wurdt. Dus as de ried de úteinlike petearen mei it kolleezje hân hat, kin der ek fuort úteinset wurde."

Ek is der besletten dat der foar febrewaris 2022 wol in beslút komme moat. De grutste tûkelteam is de diskusje oer de lokaasje.

De Stuit of in oar plak?

"Op De Jouwer wurdt in soad praat oer de lokaasje. Wy hawwe as foarkar sporthal De Stuit, mar der binne ek oare lokaasjes neamd en útsocht", seit Stegenga. Net eltsenien is wiis mei in kar foar De Stuit. Dizze sporthal leit oan de drokke E.A. Borgerstrjitte, dêr't njonken de sporthal ek in tal skoallen oan leit. It is in drokke ferkearsier troch De Jouwer.

Tjitske Stegenga oer de riedsgearkomste

"In part fan de omwenners fan De Stuit wol it dêr net, mar oaren just wol", seit Stegenga. "Mar eltsenien hat sein dat der wat oan it parkearjen dien wurde moat. Dy lûden binne grut en ik kin my foarstelle dat de ried it dêr dochs goed oer hawwe wol."

Petear mei wethâlders

De inisjatyfgroep is al sa'n seis jier oan de gong mei de plannen. It leit foarearst by de gemeente. Stegenga: "Wy hawwe tongersdeitejûn in gearkomste mei de wethâlders dy't der ferantwurdlik foar binne, dan hearre wy oft wy op dit stuit noch wat dwaan moatte. As wy it proses flugger meitsje kinne, dogge wy dat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)