'Groot Fries molenboek' as kroan op it jubileumjier fan De Fryske Mole

28 okt 2021 - 08:05

Stichting De Fryske Mole bestiet 50 jier en it jubileumjier wurdt tongersdei mei in slotgearkomste ôfsluten. Dêr wurdt it Groot Fries molenboek presintearre, skreaun troch Warner Banga en Gerben Wijnja.

In mûne by Aldegea - Foto: Shutterstock.com (edouhoekie)

"It is in ferhaalboek wurden", seit skriuwer Gerben Wijnja. "In boek dêr't de striid foar it behâld fan ús âlde Fryske mûnen sintraal yn stiet. Wy hiene it gelok dat wy al gau minsken ynterviewe koene dy't mei har berop te krijen hiene mei de âlde mûnen. Mûnders, mûnemakkers. Dat is frij unyk, want in soad minsken libje al net mear."

Boek al op de planke

Wijnja hat al in lytse 50 jier oan it boek wurke, sa't er sels seit. Hy fynt mûnen al lang nijsgjirrich en hie út dy hobby wei al tal fan ferhalen op de planke lizzen. "Doe't De Fryske Mole hast 50 jier bestie, kaam de fraach oft der ek in boek komme koe mei wat der allegearre sammele wie. Ik haw dat earst sels op my naam, letter is Warner Bangma der by kaam."

Striidferhalen

"It binne allegearre striidferhalen, mei in soad emoasje. Dat makket it boek moai", seit Wijnja. "It meallen op de wyn hie syn tiid op in gegeven stuit hân, der kamen stoommasinen, elektrisiteit, motoaren. De âlde mûne hie it neisjen. Mar guon minsken stipen wol it behâld fan de mûnen." Dêrút is ek de stichting oprjochte.

Gerben Wijnja oer it 'Groot Fries molenboek'

Ien fan de ferhalen yn it boek giet bygelyks oer in jonkje dat om 1910 hinne fan skoalle stjoerd waard en in baantsje krige by in seachmûne yn Boalsert. "Hy krige in gûne de wike. Net folle, mar hy wie der o sa wiis mei. Want syn húshâlding libbe fan de bedieling."

Twadde boek

It hâldt net op by it Groot Fries molenboek. "Der stiet ek al in twadde diel op priemmen. Alles wat wy heard hawwe, dat smakket nei mear. Dus minsken dy't noch wat yn de famylje hawwe of noch wat witte út ûnderfining meie it witte litte. Soks fine wy prachtich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)