Is it Sven Kramer syn lêste seizoen, of stiet de doar noch op in kier?

28 okt 2021 - 08:29

It reedrydjier 2021/2022 moat it seizoen wurde wêryn't Sven Kramer de kroan op syn karriêre set. Hy wol noch ien kear olympysk kampioen wurde op de fiif kilometer en hat it gefoel dat dat kin.

Wy sochten Sven Kramer op yn Thialf:

Oan de foarjûn fan it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen wol Kramer foar Omrop Fryslân syn ljocht noch wol efkes skine litte op it kommende seizoen. It seizoen dat freed begjint mei it NK, mar dat fansels yn it ramt stiet fan mar ien toernoai: de Olympyske Spelen yn febrewaris.

"Realistysk"

Kramer hat noait ûnder stuollen of banken stutsen dat hy yn Peking noch ien kear olympysk goud pakke wol. En dat is yn syn eagen realistysk. "Alle betingsten binne goed genôch om dêr in goeie tiid del te setten. As ik dêr ienkear bin, kin der in soad barre", fertelt de reedrider fan Jumbo-Visma.

Sven Kramer oer de neifleagen fan syn rêchoperaasje:

Dêrfoar sil Kramer boppe himsels út stige moatte. En dan sil de rêch meihelpe moatte. Begjin maaie is de trijefâldich olympysk kampioen op de fiif kilometer dêroan operearre. It wie in lytse operaasje, wêrfan't it doe mar ôfwachtsjen wie oft it ek echt helpe soe.

Swakke punt

No, hast seis moannen fierder, is Kramer bliid mei hoe't it no giet. "It bliuwt altyd myn swakke punt, mar sa as it no stiet tink ik dat ik ek yn 'e winter noch aardich progresje boeke kin. Ik haw der mear kontrôle oer, mar hielendal sille je de kontrôle noait mear krije mei hoe't ik der no foar stean."

Foto: Orange Pictures

De foartekens binne yn elts gefal goed. Hast trije wiken lyn ried Kramer yn it Súd-Dútske Inzell in trainingswedstriid. Op de fiif kilometer liet er 6.15,66 notearje. "Ferline jier begûn ik mei 6.25. Dat skeelt tsien sekonden. Dêr kin ik net ûntefreden mei wêze", konkludearret Kramer.

Ik lit my dat troch gjinien fertelle.

Sven Kramer wol net sizze wannear't er de knoop trochhakt oer syn ôfskied

Gewoanwei begjint Kramer freed oan syn lêste seizoen as reedrider. In skoft lyn hat de Feanster al oanjûn der nei de Spelen mei op te hâlden. Mar, de lêste tiid doarde hy it net mear sa hurd te sizzen. Hoe sit dat no?

Hâldt er nei it seizoen no wol of net op? Kramer: "Ik bin it wol fan doel, mar miskien wurd ik op in dei wekker en tink ik: it is noch hartstikke leuk en it giet goed, dus we geane noch troch. Dat foarnimmen haw ik net, mar ik wol my nearne yn hindere fiele om dêryn in beslút te meitsjen. Ik lit my dat troch gjinien fertelle."

Wiete jassen

It ôfrûne seizoen hat der in oantal kearen krityk west op de kwaliteit fan de iisflier fan Thialf. Ien fan de riders dy't him dêr doe mei bemuoide, wie Kramer. Hy kin no noch net safolle sizze oer de iiskwaliteit fan de 400 meter-baan fan it Feanster iisstadion.

Wol is Kramer benijd hoe't it kommend wykein komt. "Ferline jier wie it relatyf maklik te kontrolearjen om't der gjin publyk wie. Der kin no 75 persint yn de hal, dan komme der ek wiete jassen binne en stel dat it reint bûten. It wurdt in hiel grutte útdaging dat foarinoar te krijen, want it wurdt foar hiel folle de earste kear mei oare omstannichheden. Ik sjoch it wol. Ik moat hurd ride en sy moatte in goeie flier dellizze", seit Kramer.

Antoinette de Jong ried dizze moanne al flugge tiden:

(Advertinsje)
(Advertinsje)