Sociaal-Duurzaam Weststellingwerf: "Scootmobilen ride te stadich"

28 okt 2021 - 06:54

Yn Weststellingwerf fine brûkers fan scootmobilen dat se net hurd genôch mear ride kinne: 15 km de oere is net hurd genôch om bygelyks fytsers yn te heljen, fine se. Sociaal-Duurzaam Weststellingwerf (SDW) hat hjir no fragen oer steld oan it kolleezje.

"Scootmobilen ride te stadich":

Mei syn scootmobyl rydt Andries Bosscha foarby: 15 km yn 'e oere. Dat is neffens him net hurd genôch. Earder koe er noch 19 kilometer yn 'e oere ride. Mar nei't de akku's wiksele wiene, gie er trager. Wêrom wit er net. "Het wekt de indrukt dat je iets aan het verbergen bent, of je bent aan het bevoogden over mensen zonder eerlijk te vertellen wat je doet", fynt Bosscha.

Feiliger

Foar Bosscha is it wichtich dat syn scootmobyl flugger kin. Hy wol graach mei syn frou op 'en paad, dy't hieltyd sa'n 19 km yn 'e oere fytse moat fanwegen har pacemaker. Foar de feiligens is it ek better. "Als je iets harder kunt, kun je veiliger om de fietser heen."

Het is geen wereldramp, maar je hoopt dat iedereen in de wmo recht heeft op het leven dat vergelijkbaar is met dat van jou en mij.

René de Klein fan Sociaal-Duurzaam Weststellingwerf

René de Klein fan SDW makket him hurd foar de kwestje. "Het is geen wereldramp, maar je hoopt dat iedereen in de wmo recht heeft op het leven dat vergelijkbaar is met dat van jou en mij: dat het dezelfde kwaliteit van leven heeft."

Dêr heart neffens him ek by dat minsken mei oaren opfytse kinne. De Klein: "De gebruikers die het willen, moeten gelegenheid krijgen om te zeggen: ik wil dat mijn scootmobiel 20 kilometer per uur kan."

Andries Bosscha wol hurder op syn scootmobyl; SDW stelt fragen oan it kolleezje

(Advertinsje)
(Advertinsje)