Hearrenfean komt mei de skrik frij, Harkemase Boys troch nei ferlinging

27 okt 2021 - 22:02

Sc Hearrenfean is ûntsnapt oan in blamaazje. De ploech fan Johnny Jansen stie lange tiid mei 1-0 efter tsjin de amateurs fan AFC, mar troch goals fan Henk Veerman en Filip Stevanovic gie Hearrenfean mei 2-1 dochs troch nei de twadde ronde fan de KNVB beker. Ek Harkemase Boys is troch.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean spile mei in sterke formaasje tsjin twadde divyzjeklup AFC út Amsterdam. By de Friezen stie Henk Veerman wer yn de basis, nei't er yn de wedstriid tsjin FC Utrecht passearre wie.

Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Dresevic, Bakker (55' Van Beek), Kaib; Kongolo (45' Madsen), Halilovic (68' De Jong), J. Veerman; Musaba (55' Nygren), H. Veerman en Van der Heide (55' Stevanovic).

Hearrenfean hie in minne start. De Amsterdammers krigen in frije traap dy't troch ferdigener Dalian Maatsen deryn kopt waard: 1-0. Henk Veerman koe al fluch wer lykmeitsje, mar syn kopbal rekke de peal. Hearrenfean spile in protte op de helte fan AFC, mar kreëarre net in soad. Sa koe AFC it eins frij ienfâldich folhâlde.

Henk Veerman ferliest in kopduel fan Dalian Maatsen - Foto: Orange Pictures

Nei it skoft wie AFC hiel tichteby 2-0, mar Splinter de Mooij rekke de latte. Efkes letter moast Nicolas Madsen in hoekskop fan AFC fan de line helje.

Veerman soarget foar ferromming

It like hielendal de ferkearde kant op te gean foar Hearrenfean, mar in kertier foar it ein fan de wedstriid waard it dochs 1-1. Henk Veerman skeat de bal hurd efter AFC-doelman Patrick Zonneveld.

Foto: Omrop Fryslân

Efkes letter kaam Hearrenfean op foarsprong: Filip Stevanovic kaam nei binnen ta en makke it goed ôf: 1-2. Krekt foar tiid krige Tim Linthorst noch in grutte kâns op de lykmakker, mar Hearrenfean kaam mei de skrik frij.

Harkemase Boys hat ferlinging nedich

Kompetysjegenoat DOVO út Veenendaal wie de tsjinstanner fan Harkemase Boys en dus leinen der kânsen foar de ploech út de tredde divyzje.

Opstelling Harkemase Boys: Jansema; De Jong (86' De Graaf), Achuna, Bruintjes, Voest (113' Van Duinen); Postma, Dijkstra, Bouius; Margaritha (68' Bentum), Visser (86' Slort) en Beimers.

Harkemase Boys wie de bettere ploech yn de begjinfaze. Nei 20 minuten kamen de Boys dan ek terjochte op foarsprong. Kian Visser skeat de bal op prachtige wize efter de doelman fan DOVO: 1-0. De Harkiten krigen dêrnei de iene nei de oare kâns, mar die waarden net benut.

Harkemase Boys bliid mei de 1-0 - Foto: Orange Pictures

Harkemase Boys like de wedstriid hielendal ûnder kontrôle te hawwen, mar krekt foar tiid waard it dochs 1-1. Matthijs van Nispen wie de doelpuntemakker. Dêrtroch wie der in ferlinging nedich.

Nije foarsprong Harkema

Krekt foar it ein fan de earste helte fan de ferlinging kamen de Harkemase Boys wer op foarsprong. Arnoud Bentum skeat de bal deryn. By DOVO fûnen se it bûtenspul, mar de skiedsrjochter karde de goal goed: 2-1.

DOVO besocht dêrnei de lykmakker te meitsjen, mar dat slagge net mear. Dêrtroch sitte ek de Boys sneon yn de koker foar de lotting fan de twadde ronde fan it KNVB bekertoernoai.

(Advertinsje)
(Advertinsje)