Femke Faber mei Nederlânsk kuorbalteam nei heale finale EK

27 okt 2021 - 20:50

Op it EK kuorbal yn België is it Nederlânsk kuorbalteam mei oermacht groepswinner wurden yn pûl A. Woansdei waard leechfleaner Hongarije mei 39-8 ferslein. Freed spilet Oranje de heale finale tsjin de nûmer twa fan pûl B, en dat is Dútslân.

Femke Faber yn it Nederlânsk kuorbalteam yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Favoryt TeamNL hie net in soad muoite mei de Hongaren. De nûmer lêst fan pûl A waard mei 39-8 oan de kant set. Femke Faber spile de hiele wedstriid mei en wist seis kear te skoaren.

België wol histoarje skriuwe

Yn pûl B wie it earste plak foar België. De grutte útdager foar Oranje waard yn eigen lân, krektlyk as Nederlân, sûnder puntferlies groepswinner. De "Rode Duivels" treffe yn de heale finale Ingelân.

Heale finales

Freed om 17.30 oere spilet Oranje yn de heale finale tsjin Dútslân. Om 19.15 oere is de oare heale finale mei de Belgen en de Ingelsken.

Sneon om 19.00 oere is de EK finale yn de Lotto Arena yn Antwerpen. Dêr hoopje de Belgen histoarje te skriuwen troch foar 5000 man harren earste Europeeske titel te pakken.

EK kuorbal 2021

Einstân Duels Punten
1. Nederlân 3 9
2. Ingelân 3 6
3. Portugal 3 3
4. Hongarije 3 0

Alle EK-duels binne live te folgjen fia worldkorfball.sport en it YouTube-kanaal fan de IKF.

It EK kuorbal is fan 25 o/m 30 oktober yn België. Yn Oranje spilet ien Fries: Femke Faber fan LDODK. Tiisdei spilet TeamNL tsjin Portugal (15.45) en woansdei tsjin Hongarije (19.15). De heale finales binne freed 29 oktober om 17.30 en 19.15 oere. De EK-finale is sneon 30 oktober om 19.00 oere, yn de Lotto Arena yn Antwerpen.

Trefwurden: 
kuorbal EK Femke Faber
(Advertinsje)
(Advertinsje)