GGD nei Skylge en It Amelân foar nije faksinaasjeronde

Bewenners fan Skylge en It Amelân dy't noch gjin faksinaasje tsjin it coronafirus krigen hawwe, kinne ynkoarten in prik helje op de eilannen. Ek minsken dy't yn oanmerking komme foar in tredde prik kinne dy dan krije.
© ANP
De GGD is op 8 en 29 novimber yn Nes op it Amelân om prikken te setten. Op 9 novimber en 2 desimber kinne minsken terjochte yn West-Skylge. De GGD is noch yn petear mei Flylân om ek dêr wer in tydlike faksinaasjelokaasje te iepenjen.

Faksinaasjegraad

Yn totaal ferwachtet de GGD in pear hûndert prikken sette te kinnen. Skiermûntseach wurdt oerslein. De faksinaasjegraad is dêr sa heech dat in prikdei op dat eilân nei alle gedachten neat opsmite soe.