Stekynsidint yn Ljouwert: plysje hâldt twa fertochten oan

27 okt 2021 - 19:05

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa minsken oanhâlden dy't fertochte wurde fan belutsenheid by in stekynsidint yn Ljouwert. De plysje siket noch nei tsjûgen fan it ynsidint.

Foto: ANP

Plysje-aginten troffen tiisdeitejûn in ferwûne frou oan op de Foarstreek yn Ljouwert. Se wie slachtoffer wurden fan in stekpartij. Noch dyselde nacht koe de plysje twa persoanen oanhâlde: in 60-jierrige man sûnder in fêst wenplak en in 45-jierrige frou út Feanwâlden. Der wurdt noch ûndersyk dien nei wat der krekt bard is.

It ynsidint wie mooglik by yndustryterrein De Zwette. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen of heard hawwe op om harren te melden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert stekynsidint
(Advertinsje)
(Advertinsje)