Hou Friesland Mooi: "Beynfloeding RIVM troch wynmûne-yndustry is gjin ferrassing"

It RIVM hat foar it ûndersyk nei sûnenseffekten fan wynmûnen rapporten brûkt dy't betelle binne troch de wynmûne-yndustry. Der binne beynfloede stúdzjes brûkt, sûnder dat it RIVM dat meld hat.
© Omrop Fryslân
Dat seit wittenskipper Joris van Hoof fan de Universiteit Twente, dy't de twa rapporten fan it RIVM ûndersocht.
Dy rapporten wurde brûkt by de beslútfoarming oer it pleatsen fan wynmûnen. De stichting Hou Friesland Mooi hat him jierrenlang ferset tsjin de komst fan it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw by Koarnwert. Foarsitter Annemieke Reitsma is net fernuvere troch de útkomsten fan it ûndersyk.

Tanimmende soargen

"Yn de tiid dat wy tsjin it park striden hawwe, hawwe wy altyd sein: der is mear as it RIVM beweart", seit Reitsma. "Der binne tanimmende soargen, ek fan dokters, oer de sûnens fan minsken dy't by in park wenje, dus doch dêr wat mei."
Doe't de stichting yn berop gie by de Ried fan Steat is der ynbrocht dat de oerheid it saneamde foarsoarchsbegjinsel tapasse moat, dat hâldt yn dat as der twivels binne oer miljeuskea of de sûnens fan minsken dat it projekt net útfierd wurde kin.
"Mar as in ynstitút as it RIVM seit: it is net bewiisd, dus it bestiet net, dan folget de Ried fan Steat eins de line fan it RIVM. En dêrmei wie dat argumint fan tafel", seit Reitsma dêroer.

Kânsen

Mar no't de ûndersiken fan it RIVM beynfloede binne troch de wynmûne-yndustry, jout dat miskien dochs wer kânsen foar de stichting. "Wy besykje no berop yn te stellen by de rjochter om oan te jaan dat de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân tekoartsjitte en om't se harren net hâlde oan de rjochtlinen fan it Europeesk rjocht. Sa wolle wy dat Nij Hiddum-Houw net yn wurking steld wurdt."
Annemieke Reitsma fan Hou Friesland Mooi