Aldegea, Nyegea en De Pein yn aksje tsjin hurdriders

27 okt 2021 - 17:55

Te hurd ride en drompels ûntwike: it smyt yn de omkriten fan Aldegea, Nyegea en De Pein gefaarlike situaasjes op. De ynwenners fan de trije doarpen wolle dat de gemeente mei oplossingen komt, mar se dogge sels ek wat.

Mei in matriksboerd en in tydlike drompel soargje de doarpsbewenners derfoar dat automobilisten stadiger ride moatte:

In tydlike drompel remmet it ferkear ôf yn Aldegea. Op De Pein setten bern fan basisschool De Leister woansdei auto's oan de kant fan de dyk. Se hâlden in lasergun-aksje en dat fûnen guon bern mar wat spannend.

De bewenners hawwe ek in ferkearsplan makke dêr't de wichtichste knyppunten yn beskreaun binne en wat dêr de mooglike oplossingen foar binne. It plan is oan de gemeente Smellingerlân oanbean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)