Fleanklup Drachten fielt him 'yn de ôfgrûn treaun' troch plannen wenningbou

27 okt 2021 - 17:34

"Het voelt als 'ik trek je portemonnee leeg en druk je in afgrond"; Wout Wetering van de Vliegclub Fryslân foar ultralight-tastellen oant 600 kilo is net bliid mei de plannen fan de Eerste Lokale Partij Smellingerlân foar de airstrip Drachten.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De ELP wol hast trijehûndert huzen foar starters, wynmûnen en sels in lytse kearnsintrale op de airstrip fan Drachten hawwe. De partij presintearre de plannen tiisdei.

De fraksje grypt dêrmei werom op wenningbouplannen út 1996, mar gie foarby oan in plan út 2014 en dêr is Wetering lilk oer. Syn klup is de grutste brûker fan it fleanfjild. Der is ek noch in fleanklup foar gruttere tastellen en in autoklup dy't dêr racet.

"Undersyk fan tsientûzenen euro's fan tafel reage"

It stekt him dat syn klup fan dyselde ELP yn it ferline earder mei in kosterealitysk plan komme moast foar de takomst fan it fleanfjild. Dat hawwe se ûndersykje litten, wat harren tsientûzenden euro's koste, seit Wetering. En no wurdt dat plan kompleet fan tafel reage. "Dit loopt dwars door afspraken heen die nog niet eens afgerond zijn."

Neffens Wetering is de nije wethâlder noch oan it útsykjen oft it mooglik is alle brûkers op de airstrip te behâlden. "Wonderlijk dat de ELP nu met een plan voor woningbouw komt, terwijl ze een of twee jaar geleden nog een pleidooi hielden om de vliegtuigen in de lucht te houden."

Wout Wetering

(Advertinsje)
(Advertinsje)