Cambuur tsjin amateurs fan Ajax: "As wy op 80 prosint spylje, wurdt it in ferfelende jûn"

Cambuur treft tongersdei de amateurs fan Ajax yn de earste ronde fan it bekertoernoai. Ajax spilet yn de tredde divyzje, deselde klasse dêr't ek Harkemase Boys yn útkomt.
Henk de Jong oer de bekerwedstriid:
De wedstriid wurdt spile op it kompleks De Toekomst, dêr't ek Jong Ajax syn wedstriden ôfwurket. It is ûnrêstich by de amateurs fan Ajax. Foar de kompetysje ferlearen sy sneon yn Woerden mei 9-0 fan Sportlust '46. Dat koste trainer Detlef Le Grand fan de Amsterdammers syn baan. Hy waard dizze wike ûntslein.

Komplikaasje

Foar Cambuurtrainer Henk de Jong betsjut dat in ekstra komplikaasje. "Wy hawwe bylden fan Ajax, mar dêr hawwe we no neat mear oan. Der is in nije trainer en dy sil grif oars spylje."
Dizze opmerking fan De Jong tsjut wol oan dat Cambuur it bekertoernoai hiel serieus nimt. Soks yn tsjinstelling ta ferline jier. Henk de Jong: "Doe stie alles yn it teken fan promoasje en moasten wy in pear dagen nei de bekerwedstriid út tsjin Excelsior. Dy wûnen wy mei 1-0. No is it oars. We moatte in goed resultaat helje tsjin Ajax, oars giet de glâns der ôf. En wy binne it ek ferplichte oan ús publyk. As wy op 90 of 80 prosint spylje soenen, dan kin it in hiele ferfelende jûn wurde."

Wizigingen

Dochs fiert de Cambuurtrainer in pear wizigings troch. Alex Bangura is skorst. Syn ferfanger op de linksback is Maxim Gullit. Ek Mitchel Paulissen is skorst. Spits Tom Boere stiet net yn de basis. Syn ferfanger is de Letske ynternasjonal Roberts Uldrikis.
De Jong: "It is no it moaie momint om te sjen nei Uldrikis. Hy is binnenkommen mei in harsensskodding. Hy komt deroan en no kinne we dat moarn moai sjen. Itselde jildt foar Krastev. Dy jonge kin geweldich fuotbalje, dy wollle we ek sjen."
Sonny Stevens sjoch foarút op de wedstriid tsjin de Ajax amateurs
By Cambuur stiet Sonny Stevens gewoan ûnder de latte. Der binne klups dy't de twadde keeper minuten gunne yn it bekertoernoai, mar dat hat by Cambuur net oan de oarder west, seit Stevens.
"Nee, helemaal niet. Ik heb in de voorgaande jaren ook gespeeld. Het zijn mooie potjes. We hebben nu geen idee wat we kunnen verwachten. Er is een nieuwe trainer. We hebben wat beelden bekeken, maar misschien gooit hij het hele team wel om. We moeten daar morgen op reageren. Maar deze wedstrijd moeten we winnen, ja. Er is ongetwijfeld niveau- en kwaliteitsverschil. Het is een cliché, maar we moeten morgen zo scherp mogelijk beginnen en proberen zo snel mogelijk te scoren."

Krityk

Stevens krige de ôfrûne wike yn fuotbaltalkshows nochal wat krityk. Hy soe skuldich wêze oan de tredde goal fan Feyenoord, it ôfstânsskot fan Malacia. Dy hie hy pakke moatten, sa wie de kearn fan dy krityk.
Stevens dêroer: "Is dat zo? Ik heb de goal geanalyseerd. Ik heb misschien een stapje naar rechts gezet en er zat een zwabber in de bal. Maar die programma's kijk ik niet naar. Als je antwoord wilt op die vraag moet je bij die programma's zijn."
De wedstriid begjint tongersdei om 18:45 oere en is op de radio te folgjen yn in ekstra útstjoering fan 18:30 oere ôf. Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.