Mear as 250 nije coronabesmettingen yn Fryslân

27 okt 2021 - 15:22

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 252 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 23 mear as tiisdei. Doe waarden 229 coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 217 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 204, in wike lyn op 152.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 7301. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 5916.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)