Waadringids: 'ús eigen Dubai' Holwert oan See moat der net komme

27 okt 2021 - 13:56

Holwert oan See moat der net komme as it oan Waadringids Harm Jan Wilbrink fan Peazens-Moddergat leit. It wurdt ien grutte slykboel en it is net goed foar de natuer en de stilte yn it gebiet. It gebiet sil feroarje yn 'ús eigen Dubai', sa't er it neamt.

Foto: Holwert oan See

Wilbrink wie tiisdeitejûn by de gearkomste yn Holwert nei oanlieding fan in kritysk rapport fan in yngenieursburo oer de helberens fan de plannen. De plannemakkerij foar Holwert oan See wurdt gewoan trochset, ek al binne der resintlik in soad soargen oer de helberheid fan it projekt. Mear as hûndert ynwenners lieten har dêr byprate oer de stân fan saken fan it projekt. Mar is it projekt net te grut? Kin it eins wol mei it slyk, en it trochbrekken fan de dyk?

Slykbak

Wilbrink syn grutste soargen sitte yn it slyk. Dat komt troch de eb- en floedstreaming fan it wetter. Wat fierder fan see ôf, wat mear slyk delslacht. Der binne no al in soad problemen mei it slyk, neffens Wilbrink. "Als je dan nog verder (fan see, red) een inham maakt, dan weet je wel zeker dat daar een slikbak komt."

Skealik foar de natuer

Hy freget him fierders ôf hoe skealik dit is foar de natuer as jo dêr mei graafmasines en betonmûnen oan de gong gean. It gebiet fertsjinnet mear beskerming, fynt er.

Gjin romte foar krityk

It krityske rapport fan it yngenieursburo wurdt net serieus naam, fynt de Waadringids. Der is gjin romte foar krityk. It wurdt eins in bytsje laitsjend fan de hân dien.

Dat de natuerorganisaasjes lykas It Fryske Gea en de Fûgelbeskerming hjir ek harren stim yn hearre litte, begrypt Wilbrink wol. Foarhinne stiene se bûten de doar en no sitte se om tafel. Lykwols, hy fynt dat se net kritysk genôch binne. "Een ingenieursbureau heeft gezegd dat er allerlei problemen zijn. Dat dat zo makkelijk van de hand wordt gedaan, geeft wel een signaal."

Dubai

Hy leaut dat it trochstekken fan de dyk om it seewetter nei binnen streame te litten, net goed is foar de natuer en de skiednis fan it gebiet, en seker net foar it karakter fan it âlde kultuerlânskip binnendyks. "Dan hebben we ons eigen Dubai gemaakt, ontworpen op een tekentafel, in een landschap dat het juist waard is om te behouden en dat juist de basis kan zijn van bloeiende internationale waardering."

Gjin krimpgebiet mear

De foarstanners fan Holwert oan See hawwe altyd sein dat it plan goed wêze soe tsjin de leechrin yn it gebiet. Dat argumint is achterhelle, want der is gjin krimp mear. Wilbrink: "Op Funda zijn de zoekopdrachten verdubbeld vorig jaar voor huizen in Friesland. Met name bij die Waddenkust." Yn syn wenplak Peazens-Moddergat wurde huzen ek hiel rap ferkocht.

Harm Jan Wilbrink

(Advertinsje)
(Advertinsje)