Rebûlje binnen SP mei skraste leden spilet net yn Fryslân

It bestjoer fan de SP hat tsientallen partijgenoaten skrast fanwegen it lidmaatskip fan it Marxistisch Forum, in beweging fan linkse SP'ers. It probleem spilet neffens SP-steatelid Hanneke Goede út Snits net by de SP-ôfdieling Fryslân.
© ANP
Sy fynt it spitich dat der op it stuit sa'n rebûlje is by de SP, mar snapt ek wol dat de partijlieding stappen nimt tsjin it Marxistisch Forum. Dat is in diskusjefoarum binnen de partij. "Daarvan hebben alle voorzitters uitgesproken dat het een politieke partij is en dan moet je kiezen tussen de SP of een andere politieke partij. In mijn ogen is het heel makkelijk: je kiest voor de SP en niet voor een andere partij. Ze zien dat anders en vinden dat ze van allebei lid kunnen zijn, daarom zijn ze geroyeerd", leit Hanneke Goede út.
"Ik vind het jammer dat er gedoe is. Wat mij betreft moeten we met z'n allen door een deur kunnen." Yn Fryslân spilet it net. "We zijn een gezellige groep." Sels sit se seis jier by de SP en de opskuor giet har oan it hert. "Het voelt als familie. Volgens mij speelt dit meer in de grote steden."
Hanneke Goede