De toan fan Froukje Sijtsma: "Ientsje skalpearje mei Halloween"

"Hiel wat jierren foar't Halloween nei Nederlân oerwaaide, wie ik al stjerrende benaud foar pompoenen. En ik bin net de iennichste by wa't de grize oer de grouwe giet as ik allinnich mar it wurd 'pompoen' hear.
As ik myn fjouwer sussen hifkje nei harren grutste jeugdtrauma, dan stiet mei stip op nûmer 1: de grouwe oranje reuzepompoenen út de grientetún fan ús mem.
Dit wykein is it wer safier: Halloween. Oer de hiele wrâld ferklaaie minsken har as libjende skeletten en bluodderige mummys. Om alfêst yn hegere sfearen te kommen, fersiere guont pompoenen. Mei in skerp mes skalpearje se de kop, reare stevich om yn de grouwe harsens om pitten en triedderich fruchtfleis derút te leppeljen, kerve der grizelige gesichten yn en litte der dernei yn kears yn baarne. Alles mei de bedoeling om kweade geasten fan it hiem te ferjeien.
Al lês ik ek dat Halloween syn oarsprong fynt yn it betinken fan de deaden mei Alderheljen. In oare ferklearring is dat neffens de Keltyske kalinder op 31 oktober Aldjiersdei fierd waard en op 1 novimber it nije jier begûn. It wie boppedat in soarte fan rispingefeest. It wie tiid foar in frije dei, om't de rispinge wer fan it lân wie.
By ús yn Hallum hienen we yn sekere sin dy dei ek in rispingefeest. Hokker jier't it krekt wie wit ik net rjocht te sizzen, mar foar ús as bern wie it dy sneon in azembenimmende dei. Want nei in tal hiele spannende wiken, miskien sels wol moannen, wie it momint dêr: lang om let soe dúdlik wurde hokker famylje yn it doarp de grouste en swierste reuzepompoen hie.
Om't ús mem net op ien hynder wedzje woe, hie se yn 'e maitiid fuort in hiel pûdsje mei reuzepompoenesiedsjes yn potten opkweekt en letter yn de klaaigrûn dien. Fansels net op samar in plakje. Mem hie yngreven ûndersyk dien yn in ferskaat oan túnkersboeken. Reuzepompoenen moasten royaal sinne en wetter hawwe en boppedat groeie op fruchtbere grûn, sadwaande krigen se in plakje yn in sirkel om de kompostbult hinne.
Ut it hiele doarp wei kamen minsken mei foarmleaze en pûkelige gefaarten nei de terp, dêr't alle pompoenen neist it tsjerkhôf profesjoneel woegen waarden. Guon kamen mei de auto, oaren brochten de pompoen mei piipjende kroaden nei it tsjerkegebou ta. Mar ús reuzepompoen waard op de fyts ferfierd. Us mem rûn en stjoerde, wylst twa suskes oan wjerskanten fan de fyts de pompoen beethâlde moasten. In hiele ferantwurdlikheid, want it moast der fansels net ôfnukke. Wat der dy middei krekt te winnen foel, kin gjinien fan de famylje him mear heuge, mar it makket ek net út, want ús grouste pompoen wie net de swierste fan it doarp.
En wy hienen it fansels witte kind. Want it sit net yn de aard fan ús mem om iten te fergriemen. Pompoen is reuzesûn. It is in bom fan kalsium, izer, fitamine C en E en sit boppedat grôtfol rizels. En ek net ûnbelangryk: it follet goed en dat is dochs geweldich as je alle dagen foar sân minsken itensiede moatte?
Us mem makke alle reuzepompoenen fan tún ta. De lytse blokjes bedarren yn plastic pûdsjes yn de friezer. Wy ieten dy hiele winter pompoen en ús mem waard alle dagen kreativer yn de keuken. Ieten we earst noch pompoen fermealle ta sop, letter fûnen wy de pompoen ek werom yn de puree, de risotto, yn de pastasaus, ieten wy in stimpstamp fan ierappel mei pompoen en waard de nasy opfleure mei in swietsoere pompoensaus. As wy jûns oanskoden en wat oranjes op tafel seagen, gienen fuort alle alaarmljochten oan. As wy allinnich mar wat seagen dat like op pompoen, leinen wy as bern al koarjend ûnder de tafel.
It hichtepunt wie dy kear dat ús mem foar sneins wat lekkers foar by de kofje makke hie. Wy sieten ûngeduldich te wachtsjen doe't it baksel út de oven kaam. Hongerich soenen wy taslaan op de hearlike appeltaart, oant wy de weake oranje stikjes ûntdutsen. Eltsenien mikte syn foarkjes mei grut protest oan kant. Wy pikten it net langer: mem moast dy goare taart sels mar ophaffelje. Wy gienen yn hongerstaking. Foar ús gjin pompoen wer. En it boadskip wie einlik helder. Us mem die dêrnei noait mear mei oan reuzepompoenewedstriden yn it doarp.
Dit jier hie se lykwols wer in pear beskieden pompoentsjes op tún. En mem frege oft ik ek ien meihawwe woe. Hy leit hjir no al in skoftke op it oanrjocht en ik tink dat ik der dit wykein mei Halloween myn mes der ris stevich yn sette sil, want ik haw wol nocht om ientsje te skalpearjen."