Skiermûntseach wol ierdgasfrij wurde en freget jild oan foar proef

27 okt 2021 - 07:38

Skiermûntseach wol ierdgasfrij wurde. De gemeente wol sjen hoe't dat it bêste kin mei in proef yn de wenwyk Nieuw Dokkum en freget it Ryk om jild dêrfoar.

Gasfornús - Foto: Shutterstock.com

Dy wyk bestiet út 147 wenningen, in miks fan keap- en hierhûzen, en sadwaande kinne gemeente, ferhierbedriuw WoonFriesland en hûseigeners leare hoe't se mei elkoar de hûzen duorsum meitsje kinne. De gemeente wol ek gearwurkje mei de eilanner enerzjykoöperaasje, bedriuwen en netbehearder Liander.

Trije jier lyn waard de oanfraach ôfwiisd om't dy net folslein genôch wie. "Deze keer hebben we veel expertise ingehuurd en er veel tijd aan besteed om zo'n volledige aanvraag te doen dat het bijna niet meer mis kan gaan", seit boargemaster Ineke van Gent.

De bewenners binne motivearre om dermei oan de slach te gean. Yn 2020 is it plan 'duurzaam eiland' makke. Ek mei it each op de hegere gasprizen en de diskusje oer de stroomkabel op it eilân.

De hûzen yn Nieuw Dokkum binne foar in grut part net goed isolearre. Dêr is in soad winst te heljen, tinkt de gemeente. It Ryk hat fyftich miljoen euro beskikber foar soksoarte projekten. Begjin takom jier wurdt dúdlik oft de fraach honorearre wurdt.

Boargemaster Ineke van Gent

(Advertinsje)
(Advertinsje)