Unrêst by kliïnten Biltsk soarchsintrum oer nije easken foar húshâldlike help

Nije oanbestegingseasken meitsje dat kliïnten fan Zorgcentrum Het Bildt yn Sint-Anne har fertroude húshâldlike help mei yngong fan 1 jannewaris nei alle gedachten kwytreitsje. It soarchsintrum kin net foldwaan oan de eask dat aanst húshâldlike help yn trije gemeenten fersoarge wurde moat, wylst dat foarhinne allinne lokaal hoegde.
© ANP
It wurk is no oan in oantal oare organisaasjes gund.
De heit (84 jier) en mem (82 jier) fan Jan Kerkstra fan Sint-Anne krigen sneon in brief mei dy meidieling en dat soarge foar ûnrêst. "Se wisten fan neat, dus it kaam as in 'donderslag bij heldere hemel'. Se binne ûngerêst, fan hoe komt it no", seit soan Jan Kerkstra. Se binne hechte oan de help dy't se al lang hawwe. Neffens him binne ek oare kliïnten yn 'rep en roer'.
Jan Kerkstra
Ek direkteur Ageeth Visser fan Zorgcentrum Het Bildt merkt dat it nijs fan de oare húshâldlike help op guon kliïnten flinke impact hat. "In soad minsken binne skrokken en oerstjoer. En dat begripe we. Minsken ha in kar om te sjen út watfoar oanbieders oft se kieze kinne."

Mear hannen oan it bêd

Ek meiwurkers kinne oanjaan oft se oer wolle nei in oare oanbieder of by de kliïnt bliuwe wolle. "Net ien komt op strjitte te stean. Der binne acht meiwurkers mei in fêst kontrakt en seis mei in tydlik kontrakt oant healwei 2022. Mar by it soarchsintrum is ek romte dat in húshâldlike help breder ynset wurdt sadat ferpleechkundigen mear romte krije om te dwaan dêr't se foar oplaat binne. Mear hannen oan it bêd."
Se hienen net ynskreaun om't dat as lytse soarchorganisaasje lestich is. "Ien fan de betingsten wie dat we net inkeld foar de eigen regio It Bilt kieze koenen. It is te risikofol om oan kontinuiteit en leveringsplicht te foldwaan yn Waadhoeke, Harns en Skylge."
De gemeente wol it foar 8 novimber witte. "We binne drok mei de puzel."
Ageeth Visser
Gemeente Waadhoeke koe noch gjin reaksje jaan wêrom't de oanbestegingseasken oanpast binne.