Planmakkerij Holwert oan See giet troch, nettsjinsteande soargen oer helberheid

27 okt 2021 - 06:12

De planmakkerij foar Holwert oan See wurdt gewoan trochset, ek al binne der resintlik in soad soargen oer de helberheid fan it projekt. Dat die tiisdeitejûn bliken op de jierlikse gearkomste yn it MFA fan Holwert. Mear as hûndert ynwenners lieten har dêr byprate oer de stân fan saken fan it projekt.

Ynwenners litte harren byprate oer Holwert oan See:

De oanwêzigen krigen noch gjin dúdlikheid oer hoe't Holwert oan See der aansten krekt út komt te sjen; yn hokker foarm it projekt realisearre wurde moat. Nei de helberheid fan Holwert oan See rinne op dit stuit meardere ûndersiken. Dy resultaten wurde ein dit jier of begjin takom jier ferwachte.

Inisjatyfnimmer Marco Verbeek liet tiisdeitejûn witte dat der yntusken 32 bunder grûn oankocht is foar Holwert oan See. Fan de begrutte 63 miljoen euro foar it projekt is yntusken ek 45,8 miljoen euro binnen. Neffens Verbeek sil it oarspronklik begrutte bedrach wol heger útfalle en moat der nei alle gedachten mear finansiering komme om Holwert oan See oan te lizzen.

Ynwenners fan Holwert en inisjatyfnimmer Marco Verbeek fan Holwert oan See

Njonken de plannen foar Holwert oan See waard ek sprutsen oer it masterplan Holwert. Dat is makke troch doarpsbelang en de stichting Holwert oan See. Yn it masterplan wurde allegear projekten behannele, bygelyks op it mêd fan soarch, grien en wenjen.

Enkête

Koartlyn ha hast fiifhûndert minsken út it doarp in wen-enkête ynfolle. Dêrút kaam dat der rûchwei ferlet is fan santich nije wenningen yn Holwert.

Jongerein kin mar kwealik in plak krije, mar ek oan de winsken fan guon âldere bewenners kin mei it hjoeddeiske wenningoanbod net foldien wurde. De útkomsten fan de enkête binne dield mei de gemeente. Doarpsbelang hopet dat minsken út Holwert foarrang krije kinne, as op termyn nije huzen yn it doarp boud wurde.

Trefwurden: 
Holwert Holwert oan see
(Advertinsje)
(Advertinsje)