Hûzen en kearnsintrale yn stee fan fleantugen op fleanfjild Drachten?

26 okt 2021 - 21:49

As it oan de Eerste Lokale Partij (ELP) Smellingerlân leit, komme der 285 huzen op it terrein fan de airstrip Drachten. De partij hat tiisdei in nijbouplan oanbean oan wethâlder Hartogh Heys en boargemaster Rijpstra.

It plan fan de Eerste Lokale Partij fan wenningbou op fleanfjild Drachten:

Yn dat plan wurdt der boud foar starters en is der plak foar it opwekken fan enerzjy, mar net foar fleantugen of dragraces. Wie de ELP earder noch foar behâld fan it fleanfjild, no sjocht de partij der gjin takomst mear yn, seit fraksjefoarsitter Yntze de Vries.

Better as trochmodderje

"Yn 2014 wienen der grutte plannen foar it rendabel meitsjen fan it fleanfjild en dy plannen wurde eins werhelle. Wy tinke dat in wenningbouprogramma dat der al wie yn 1996 better is om te ûntwikkeljen as troch te modderjen mei it fleanfjild. It is in lytse groep dy't dêr mooglikheden sjocht, mar úteinlik net folle fierder komt en net mei nije ideeën komt."

Yntze de Vries (ELP) biedt it plan oan oan wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Wethâlder Robin Hartogh Heys van de Lier fynt it plan en de argumintaasje fan De Vries gjin oanfal op syn funksjonearjen. "Het duurt lang en ik snap dat er af en toe enig ongeduld is", seit er.

"Dus ik begrijp het initiatief heel goed, maar ik voel me niet aangevallen in de zin van: college, je hebt je huiswerk niet gedaan. Zo zie ik dat niet. Ik beschouw het als een positief initiatief dat raadsfracties niet uitsluitend controlerend bezig zijn, maar ook zelf met ideeën komen."

Geotermy, wynmûnen, sinnepanielen en minykearnsintrale

It plan soe de gemeente sa'n 5 miljoen euro opsmite kinne, neffens de ELP. Dêrneist biedt it dus plak foar it opwekken fan enerzjy. Geotermy, wynmûnen en sinnepanielen komme yn it plan foar. De ELP neamt ek in minykearnsintrale.

It fleanfjild fan Drachten út de loft wei - Foto: ANP

"As we reëel binne, tink ik net dat we mei wyn- en sinne-enerzjy foldwaan kinne oan de enerzjy-opjefte", mient De Vries. "Kearnenerzjy is sa bot yn ûntwikkeling dat it hiel effisjint wurde kin. En it ôffal fan sa'n reaktor is folle minder wurden, sadat it ferlykber is mei it ôffal fan in sikehûs."

Vliegclub Fryslân: spitich

Ein dit jier, begjin takom jier komt de wethâlder sels mei in sketsplan oer hoe't partijen tinke oer in rendabel fleanfjild. Dit plan is in oare fisy op it gebiet. De Vliegclub Fryslân is ien fan de brûkers fan de airstrip. Sy fine it tige spitich dat de ELP it fleanfjild net mear behâlde wol. Foar in reaksje fine se it noch te betiid. Dêr is it plan noch te farsk foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)