NAM wol lytse gasfjilden ferkeapje: gjin prioriteit mear

26 okt 2021 - 20:24

De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) wol de lytsere gas- en oaljefjilden op termyn ferkeapje. Oant dy tiid wurde de lytse fjilden yn fjouwer aparte bedriuwen ûnderbrocht.

In ynstallaasje fan de NAM boppe It Amelân - Foto: ANP

Ien fan dy fjouwer nije bv's moat him bekommerje oer de gasfjilden en de gasynfrastruktuer yn Fryslân. Dêr heart ek de Waadsee by.

Omdat it grutte gasfjild yn Grinslân ynkoarten tichtgiet foar gaswinning, hat oalje- en gaswinning yn Nederlân net mear de prioriteit fan NAM-oandielhâlders Shell en ExxonMobil.

Net in soad romte foar ynvestearrings

De NAM hat dêrom nei eigen sizzen net in soad romte om te ynvestearjen yn de lytse gasfjilden yn bygelyks de Noardsee, de Waadsee, Fryslân, Drinte en Noard- en Súd-Hollân.

"We denken dat het daarom goed zou zijn wanneer de kleine velden op termijn worden overgenomen door een operator die meer investeringsruimte heeft", seit NAM-direkteur Johan Atema.

Lytse gasfjilden op peil hâlde

Neffens Atema past dat ek by it belied fan de oerheid dy't de winning fan gas út de lytse gasfjilden op peil hâlde wol, omdat dat goed is foar de leveringssekerheid fan gas yn Nederlân. In soad fan dy lytse gasfjilden lizze yn Fryslân.

It haadkantoar fan de NAM yn Assen - Foto: ANP

Oft der belangstelling is om ien fan dy fjouwer bv's oer te nimmen, wit Atema net. "Dit proces van herstructureren kost zeker een jaar, misschien wel langer", seit Atema tsjin RTV Noord. "Er moeten honderden overeenkomsten, licenties en vergunningen worden aangepast. Dat is monnikenwerk. Pas als de herstructurering klaar is, kijken we of er partijen zijn die de bv's over willen nemen."

Nije strategy

"De kans dat we ze niet verkopen is reëel. Er is de afgelopen jaren weinig verkocht, maar we willen het wel proberen. Komt er een koper, dan is het een grote koper die gaat investeren. Als het niet wordt verkocht zullen we met de aandeelhouders een nieuwe strategie moeten maken en dan moeten we zelf investeren."

Allinnich it Groningenveld, dêr't takom jier de gaskraan tichtgiet, en twa gasopslaggen yn Norg en Gryptsjerk falle aanst noch ûnder de NAM. Dy gasopslaggen binne de kommende jierren noch nedich foar de gaslevering yn Nederlân.

Fierder hâldt de NAM him allinnich noch dwaande mei it sluten fan it gasfjild yn Grinslân en de "afwikkeling van de aardbevingenproblematiek" dêr.

(Advertinsje)
(Advertinsje)