Fakbûnen stelle ultimatum oan metaalwurkjouwers foar bettere cao

"Faklju, toan ballen!" Dat is de oprop fan fakbûnen FNV en CNV oan meiwurkers yn de metaal- en technyksektor. Se moatte yn aksje komme om in bettere cao ôf te twingen.
Aksjefiere mei gehakballen yn Feanwâlden:
De fakbûnen holden tiisdei in gearkomste foar de poarte fan metaalbedriuw SRI yn Feanwâlden. It personiel krige symboalysk in broadsje gehakbal.
Liebertus Postma wurket al 36 jier as lasker by SRI. Hy makket him benammen soargen oer syn pensjoen. "Minsken dy't âlder binne en derút wolle, om't it in swier berop is, krije net in protte sinten mei", leit er út. "Dy moatte harren pensjoen opite om der earder út te kinnen, wylst der eins in pear sinten oan oerhâlde wolst."

Al lang op slot

It is noch mar de fraach oft it sa fier komt, want de ûnderhannelingen sitte al lange tiid op slot. De wurkjouwers ha yntusken in tsjinfoarstel dien, mar neffens de fakbûnen gean de meiwurkers der allinnich mar op achterút.
Sa biede de wurkjouwers in salarisferheging fan 1,4 persint. Fierstente min, fynt de FNV. "Wij hebben een loonvoorstel gedaan van 5 procent", seit FNV Metaal-bestjoerder Wilma Nieveen. "We willen het minimale uurloon in de sector op 14 euro zetten. En wij willen dat jeugdlonen worden afgeschaft. Iedereen die werkt in deze sector moet betaald worden naar het werk dat-ie doet."
Oars hâlde we gjin minsken oer binnen dizze sektor.
Liebertus Postma wol de leansferheging ek foar de jeugd
Liebertus Postma makket him net allinnich soargen oer syn eigen takomst, mar ek oer dy fan folgjende generaasjes yn de metaalsektor. "Foar de jeugd moat der ek in leansferheging wêze, want oars hâlde we gjin minsken oer binnen dizze sektor."

Mouwen opstrûpe

It ultimatum fan de fakbûnen rint tongersdei om 13.00 oere ôf. As de wurkjouwers net mei in reaksje komme, folgje 'stevige' aksjes. Nieveen: "We hebben de mensen die bij SRI werken vandaag gevraagd: kunnen we op jullie rekenen, zijn jullie bereid om de mouwen op te stropen? En zij hebben toegezegd te gaan staken op het moment dat wij hen daartoe oproepen. Want het is nodig."
Postma hopet yn alle gefallen fjurrich dat de wurkjouwers oer de brêge komme, want oars stiet de takomst fan it fak op it spul. "Net elkenien kin ICT'er wurde, dus dan moatte wy it ek goed oanbiede foar de jeugd", seit er.