Wetterskip Fryslân wol seedyk Koehoal-Lauwersmar 'sa grien mooglik' oanlizze

De nije seedyk tusken Koehoal en de Lauwersmar moat safolle mooglik in griene dyk wurde. Dat wol Wetterskip Fryslân.
De nije seedyk moat in stik griener wurde as de âlde © Omrop Fryslân
It wetterskip hat dy foarkear tiisdei presintearre. De 47 kilometer lange seedyk moat de kommende jierren op deltahichte en -sterkte brocht wurde. It wetterskip wol dat sa dwaan dat de dyk yn 'e takomst ek fierder ferhege wurde kin, as de hegere seespegel dat nedich makket.
"Wy geane no út fan de besteande noarmen", seit Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân. "Mar as der nije noarmen komme, dan is in griene dyk makliker oan te passen as in hurde dyk."
It wetterskip stribbet dernei om 21 kilometer fan de nije dyk 'grien' oan te lizzen en dat is mear as op dit stuit.

Fersterkjen seedyk

It foarkaralternatyf is noch net yn beton getten. De plannen moatte de kommende twa jier noch fierder útwurke wurde. De dykferbettering Koehoal-Lauwersmar is ûnderdiel fan it lanlike heechwetterbeskermingsprogramma. It fersterkjen fan de seedyk kostet sa'n 330 miljoen euro. Wetterskip Fryslân moat sels tsien prosint fan de kosten betelje.
De presintaasje fan it foarkarsalternatyf foar de seedyk Koehoal-Lauwersmar © Omrop Fryslân
De plannen foar Holwert oan See mei in dyktrochbraak by Holwert binne noch net yn it foarkarsalternatyf ferwurke. "Wy wolle graach op syn lêst takommend jier witte oft de plannen foar Holwert oan See trochgeane. As dat it gefal is, dan kinne wy de plannen noch oanpasse", seit Bé de Winter dêroer.
It wetterskip is ek yn petear mei it doarp Wierum. Bewenners fan it doarp hawwe noed oer de gefolgen fan de ferheging fan de seedyk foar it oansjen fan it doarp, omdat de dyk deun njonken doarp en doarpstsjerke leit. It wetterskip stribbet der nei om de berm fan de seedyk sa goed mooglik yn te passen en hat hjir meikoarten oerlis oer mei Pleatslik Belang fan it doarp. It algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân sil op 23 novimber in beslút nimme oer it foarkarsalternatyf.
Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân oer it foarkarsalternatyf