Heldemedaljes foar Kees Hamersma en Robert Bijkerk: "Ik bin se ivich tankber"

Kees Hamersma en Robert Bijkerk binne echte helden. Trije jier lyn rêden se Anna de Hoop fan Stiens út it fjoer, doe't har patatkream yn 'e brân stie. De manlju ha no fan boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert de heechste sulveren 'Carnegie Heldenmedaille' krigen.
De twa manlju krigen in ûnderskieding:
Frou De Hoop rekke swier ferwûne en is de manlju noch altyd tige tankber foar de aksje. Se frege sels de pinning oan foar Hamersma en Bijkerk, omdat se har mei gefaar foar eigen libben út de kream hellen. "Dat beskôgen se sels earst net sa", fertelt De Hoop.
Se hannele rap doe't de brân útbruts. "Ik tocht: ik moat hjirwei, dus ik sprong gau oer de toanbank hinne, op de grûn. Dat hat myn gelok west. De hearen Hamersma en Bijkerk koene my der moai úthelje, dêr bin ik se ivich tankber foar."

'Je hannelje gewoan'

Hamersma seit dat er sûnder tinken yn aksje kaam. "Op moment dat zoiets gebeurt, realiseer je je helemaal niet wat er aan de hand is", vertelt hij. "Je hoort een plof en ziet brand, je handelt gewoon."