Twadde Keamer stimt tsjin moasje foar hegere tariven rjochtbanktolken

De Twadde Keamer hat tsjin de moasje fan Van Nispen stimd. Hy woe dat de tariven foar rjochtbanktolken en oersetters yndeksearre en dêrmei ferhege wurde soene. De twadde moasje oer it gebrûk fan Frysk yn de rjochtbank helle it wol.
Fedde Dijkstra © ANP
Grapperhaus ûntrette de moasje fan Van Nispen (SP) earder al, mei it argumint dat er leaver sjocht dat in oare stelselfernijing ynfierd wurdt. Dy oare stelselfernijing soe al langer ûndersocht wurde en nei alle gedachten takom jier ynfierd wurde kinne.
De minister seit wol mei klam dat er it iens is mei it oare diel fan de moasje. Hy seit it wichtich te finen dat Fryske 'justitiabelen' ek yn it Frysk terjochte kinne moatte, mei rjochtbanktolken as dat nedich is.

Stake

Alle partijen fan de foarige koälysje stimden tsjin de moasje, wêrtroch't er it net helle. Rjochtbanktolken en oersetters seinen ferline wike dat se stake soenen oant de stimming oer de moasje.
No't de stimming negatyf útfalt, litte de tolken it der net by sitte en geane troch mei de aksje.

Twadde moasje hellet it wol

De twadde moasje fan CDA, CU en D66 gie oer it garandearjen dat Frysk yn de rjochtbank brûkt wurde kin. De minister stipe dy moasje om't dat neffens him ta 'het rechtsbestel behoort'. De mearderheid fan de Twadde Keamer hat úteinlik ek foar dy moasje stimd.