Operaasje Fryske Flagge: Rymke Hanrahan wennet yn Australië

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Rymke Hanrahan wennet yn Australië.
Rymke Hanrahan yn Australië © Omrop Fryslân
Rymke Hanrahan is 39 jier en komt fan Snits. Se wennet mei har man en twa bern yn Alexandria Hills yn Australië. "Dat leit op in healoerke riden fan Brisbane, yn Queensland", fertelt Rymke.
Yn Fryslân is de hjerst begûn, oan de oare kant fan de wrâld wurdt it just hieltyd wer waarmer. "No is it wat stoarmich. Mar gewoanwei oerdei is it in graad as 28, en it is noch mar foarjier."

"Simmers somtiden wat te waarm"

Yn Australië binne de hjerst, de winter en it foarjier hearlik, fertelt se. "Wy wenje yn in frijsteand hûs mei in swimbad yn 'e tún. Dat is frij lúks mar dat is ek wol nedich hjir yn de simmer."
Se hat it lân net sels ûntdutsen. "Myn suske wie yn 2009 te backpacken yn Australië, dus ik tocht ik sykje har efkes op." Yn in pub moete se dêr doe har man Gerard en de fonk wie oerslein, seit Rymke.
Operaasje Fryske Flagge mei Rymke Hanrahan út Australië wei
Mar sy koe doetiids net yn Australië bliuwe. Se wie krekt oan in nije baan en nije stúdzje begûn. "En dat woe ik net opjaan", seit se. "Hy is hjir doe yn de simmer op fakânsje kaam nei Fryslân, om te sjen oft it noch wat wie."
"Yn datselde jier is hy nei Fryslân ferhuze, hast fjouwer jier ha we der wenne, mar hy koe mar net wenne." Gerard moast de taal leare en ek in ynboargeringskursus dwaan. Hy koe dus min wenne, mar troch de kursus moeten se wol in oar stel wêrfan't de man ek út Australië kaam. Dat stel wennet no by Rymke yn de buert.
Rymke wennet no dus mei har man en twa bern yn Australië, en dêr moast Rymke earst wer bot oan wenne. "De earste jierren wienen bêst dreech, mar fierder giet it prima." Yntusken hat se har plakje wol wat fûn en docht se hast itselde wurk as wat se yn Fryslân by it MCL die.

Werom nei Fryslân

Rymke wit net oft se ea noch werom wol nei Fryslân. "We binne hjir wol settele, mar sis nea nea." Se mist har famylje wol, en ek Snits, de Snitswike en it skûtsjesilen. Ek de kunde, efkes om in bakje by wa dan ek, sa't se dat seit.
De lêste kear dat se yn Fryslân wie, wie yn 2019. Fanwegen corona ha se no al in skoftke net werom west. Rymke seit wol dat as se op de Ofslútdyk ride, dan komt it 'ik bin wer thús'-gefoel wol wer nei boppen.
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal oft de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.