229 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 229 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien minder as moandei. Doe waarden 239 coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 204 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 188, in wike lyn op 147.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

19 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 19 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze 3 op de intensive care en 16 op oare ôfdielingen.
In wike lyn leinen 18 minsken mei corona yn de Fryske sikehuzen, wêrfan 4 op de IC.
Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om 12 pasjinten op de intensive care en 28 pasjinten op oare ôfdielingen.
Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien nije pasjint mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Achtkarspelen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 5.791. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 5.533.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.