Ynventarisaasje moat Frysk ynterieurerfgoed behoedzje foar it stoart

Stichting Interieurs in Fryslân is klear mei it ûndersyk nei histoaryske ynterieurs yn it gebiet fan de eardere gemeente Littenseradiel. It rapport hat in ynventarisaasje fan in soad âlde ynterieureleminten opsmiten.
In part fan in histoarysk ynterieurstik © Stichting Interieurs in Fryslân
Behâld troch kennis, dat is it biedwurd fan de Stichting Interieurs in Fryslân. Sa út en troch bedarje histoaryske eleminten fan huzen yn sloopkonteners. Faak bart dat om't eigeners net yn de gaten hawwe hoe weardefol oft it is.
Yn 2017 is it grutste part fan Súdwest-Fryslân al ûndersocht, mar it gebiet fan de eardere gemeente Littenseradiel moast dêr noch by. Dat is no klear. Yn hiel Súdwest-Fryslân binne sa'n 2.400 pannen ûndersocht.

Allerhanne eleminten

Neffens foarsitter Ap Timmermans is der al in gigantyske hoemannichte oan ynterieureleminten fûn. "Van gangpoortjes en geschilderde traplopertjes tot specifieke deurknoppen. Van die gangpoortjes hebben we, in alle soorten en maten, bijvoorbeeld zo'n 600 in Friesland aangetroffen, terwijl die niet het meest voor de hand liggen."

Hiel Fryslân komt oan bar

De bedoeling is dat hiel Fryslân úteinlik oan bar komt. "Dat is het uitgangspunt. We zijn op dit moment hard bezig in Leeuwarden. Ik denk dat we nu zo'n 70 procent van de provincie hebben gedaan."
Wethâlder Mirjam Bakker krige it rapport fan Ap Timmermans © Gemeente Súdwest-Fryslân
Earst makket de stichting ôfspraken mei in gemeente, dêrnei wurde alle adressen dêr't mooglik wat weardefols te finen is oanskreaun mei in folder en dêrnei wurde minsken belle om in ôfspraak te meitsjen. "Daarna kunnen twee inventarisanten het pand binnen."

Databank en boek

Alle gegevens komme letter yn in iepenbiere databank. "Als we stoppen willen we de databank met duizenden foto's bij Tresoar onderbrengen, die het beheert en eventueel aanvult."
© Stichting Interieurs in Fryslân
Dêrnjonken komt der ek in boek. "Eind volgend jaar moet er een standaardwerk komen, door professor Johan de Haan. Hij zal een verhaal schrijven op basis van al onze verzamelde gegevens."

Bewenners entûsjast meitsje

Neffens de stichting leart de ûnderfining dat it entûsjasme by minsken groeit as sy mear witte oer it erfgoed yn har eigen wenning. "Mensen vinden het zeker bijzonder. Men is telkens weer verrast omdat men vaak niet weet wat er zo bijzonder is. Onze ervaring is dat na een inventarisatie mensen toch anders naar hun huis kijken."
Foarsitter Ap Timmermans fan Stichting Interieurs in Fryslân