Oprop nei Den Haag: "Atleten binne der klear mei, altyd wat mei Thialf"

In groep reedriders hat in brief nei polityk Den Haag stjoerd om stipe te freegjen foar Thialf. De brief, dy't yn hannen is fan De Telegraaf, is ûnder oare tekene troch Sven Kramer, Ireen Wüst en Rintje Ritsma.
Den Haag moat Thialf stypje, sizze reedriders:
Neffens de reedriders is der driuwend jild nedich om it iisstadion op It Hearrenfean oerein te hâlden. De oprop komt krekt foar it begjin fan it olympysk seizoen, dat oer trije dagen úteinset mei it NK ôfstannen.

Aksje nedich

Ald-reedrydkampioen Rintje Ritsma kin it him net foarstelle dat it ikoanyske stadion de doarren slute moat, sa hat hy oan de krante witte litten. Neffens foarsitter Douwe de Vries fan de atleteferiening fan it reedrydbûn KNSB moat der no echt aksje ûndernaam wurde. Oars kinne de topriders aanst net mear yn Thialf traine.
Douwe de Vries © Orange Pictures
"De need is heech", seit De Vries tsjin Omrop Fryslân. Hy hat de brief opsteld. "De provinsje en gemeente dogge alles wat sy kinne, mar der is eintsjebeslút wol in eksploitaasjetekoart. As der in masine stikken is, kin dy net ferfongen wurde. Dêrom dizze fraach foar nasjonale help."
Wy binne der as atleten ek wol in kear klear mei dat der altyd wol wat mei Thialf is.
Douwe de Vries fan de atleteferiening fan KNSB
Der is net in alternatyf foar Thialf yn Nederlân, jout hy oan. "En de situaasje sjocht der net florissant út foar de takomst. Wy binne der as atleten ek wol in kear klear mei dat der altyd wol wat mei Thialf is. Wy hoopje dat it wer ris yn rêstich farwetter komt. Dat is ek essinsjeel foar atleten."
Douwe de Vries oer de brief
Marc Winters, direkteur fan Thialf is wiis mei de stipe út de reedrydwrâld wei. "Daar zijn we natuurlijk heel blij. Wat wij ook merken is dat in dat structurele tekort van exploitatie onze aandeelhouders de intentie hebben om bij te gaan dragen. Maar je ziet wel steeds meer dat die lokale politiek zegt 'nu is het wel even genoeg'."
"De situatie is natuurlijk al een tijdje ernstig. In 2019 hebben we de noodklok geluid. Ondertussen hebben we gewerkt aan een oplossing voor het structurele tekort en dat is gelukt", fertelt Winters.
Mar dêrmei is Thialf der noch net. "Alleen in die oplossing zaten geen vervangingsinvesteringen van één miljoen per jaar. En dat begint steeds nijpender te worden." En sûnder jild foar ferfangingen soe it iisstadion troch in stikkene masine samar wer yn 'e problemen komme kinne.

Mear ferantwurdlikens by lanlike polityk

De oandielhâlders, de provinsje en gemeente Hearrenfean, kinne net hieltyd mear byspringe. "Dat begint gelukkig door te dringen in Den Haag, daar helpt deze oproep zeker bij."
Marc Winters oer de need by Thialf
Om dat boadskip krêft by te setten ferstjoert de provinsje sels ek in brief. "Dat helpt allemaal in de bewustwording aan de Haagse kant, dat de mogelijkheden om lokaal ook nog eens die vervangingsinvesteringen te doen er niet zijn. Dat maakt het steeds urgenter."

Sinnepanielen

In diel fan de ferliezen fan Thialf komme fan de sinnepanielen dy't op it dak lizze. De panielen binne mei it isolaasjemateriaal op it dak net feilich, dêrom meie se net oanset wurde en krijt Thialf dêr gjin ynkomsten út.
Winters seit dat de oplossing yn 't sicht liket: "Het dossier zonnepanelen ontwikkelt zich goed. Ik verwacht ook wel dat die 30 november nog een keer uitgesteld zal worden."
Dat de panielen op it stuit út steane is lykwols net syn iennige soarch. "Het is wel zo, stel de panelen kunnen weer en dat scheelt ons twee ton in positieve zin, dat we in januari 2023 de hoge energieprijzen weer op ons af zien komen. Aan zorgen geen gebrek hier."
Deputearre Friso Douwstra is bliid mei it brief fan de reedriders