Oranje iepenet EK kuorbal mei in oerwinning op Ingelân
It Nederlânsk kuorbalteam is it Europeesk kampioenskip úteinset mei in oerwinning op Ingelân. Yn it Boeckenberg Sportcenter yn Antwerpen waard it úteinlik 29-9. Femke Faber fan LDODK sit foar it earst yn de seleksje fan Oranje, mar kaam tsjin Ingelân noch net yn aksje.
Bûnscoach Jan Niebeek ûntbruts by dizze wedstriid fanwege sykte. Hy waard ferfongen troch Kees Vlietstra, de coach fan Talent TeamNL Korfbal (U21). Niebeek hopet letter fan 'e wike wer by TeamNL oan te sluten.
Oranje iepenet sterk
Yn de earste helte koenen de Ingelsken net in protte ynbringe tsjin de favoryt út Nederlân. Yn it earste kwart stie it al 6-1. Dy skoare waard útwreide ta 15-2 yn it twadde kwart.
Nei it skoft die Ingelân better mei. Yn it tredde kwart skoarden se sân kear, tsjin Oranje njoggen. Dat levere in tuskenstân op fan 24-9. Yn de lêste 10 minuten wie de koeke op foar de Ingelsken. Sy koenen gjin goals mear meitsje, en Nederlân bepaalde mei 5 goals de einstân op 29-9.
Debút Femke Faber
Nederlân spilet syn twadde duel yn pûl A tiisdei tsjin Portugal, om 15.45 oere. Dan hopet Femke Faber har offisjele debút te meitsjen op in grut eintoernoai foar TeamNL. De Portugezen wûnen har earste duel mei 19-13 fan de Hongaren.
Yn pûl B spylje België, Dútslân, Tsjechië en Katalonië.
Alle EK-duels binne live te folgjen fia worldkorfball.sport en it YouTube-kanaal fan de IKF.
It EK kuorbal is fan 25 o/m 30 oktober yn België. Yn Oranje spilet ien Fries: Femke Faber fan LDODK. Tiisdei spilet TeamNL tsjin Portugal (15.45) en woansdei tsjin Hongarije (19.15). De heale finales binne freed 29 oktober om 17.30 en 19.15 oere. De EK-finale is sneon 30 oktober om 19.00 oere, yn de Lotto Arena yn Antwerpen.