26-jierrige frou stoarn nei ynsidint op It Hearrenfean
De 26-jierrige Lisette Elzinga is stoarn nei in ynsidint op It Hearrenfean. Dat waard moandeitejûn bekendmakke op in parsebyienkomst fan de plysje en de gemeente Hearrenfean.
It ynsidint fûn plak op 15 oktober. Der geane in protte ferhalen oer rûn en dy soargje foar ûnrêst yn de gemeente Hearrenfean.
Oarsaak noch ûnwis
Boargemaster Tjeerd van der Zwan freget eltsenien om it ûndersyk ôf te wachtsjen. "Ik heb begrip voor de emoties die leven. Maar blijf rustig, ga niet speculeren. Het is nu tijd om stil te staan bij het verdriet van de familie en hen te ondersteunen."
Wat der krekt mei de frou bard is, waard net bekendmakke. De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei de oarsaak. "We zijn op 15 oktober direct een onderzoek gestart", seit teamsjef Marjolein Wildeman. "Daar zullen we de tijd voor nemen. Er zal een toxicologisch onderzoek op het lichaam komen." Toksikologysk ûndersyk hâldt yn dat der ûndersyk dien wurdt nei mooglik skealike stoffen yn it lichem fan in persoan. Dat ûndersyk duorret op syn minst noch inkelde wiken.
Oanhâlding
Ek hat de plysje in man oanhâlden op basis fan de Opiumwet. Dy man is nei in ferhoar letter wer nei hûs ta stjoerd. Der wie neffens it Iepenbier Ministearje gjin reden om de man langer fêst te hâlden.